Geart Tigchelaar

Fotoferslach útrikking Gysbert Japicxpriis 2019 oan Aggie van der Meer

logo.ensafh

Foto’s Geart Tigchelaar

Elkenien wachtet yn spanning oant it offisjele program úteinsette sil.

Sjueryfoarsitter Houkje Rypstra lêst foar in folle Martinitsjerke it sjueryrapport foar.

Deputearre Sietske Poepjes hat Aggie van der Meer de oarkonde oerlange.

Aggie van der Meer lêst har tankwurd foar.

Van der Meer har krekt ferskynde roman ‘De tsjûgen fan de macht’.

Lês fierder
Henk van der Veer

Clemens & August

logo.ensafh

 

Lapkepoepen su noemden se jum – ja dou Clemens en dou August !
soanen fan dy ondernimmende Johann Gerhard Brenninkmeijer
út ut skrale laan fan Mettingen toffelden jum over gòdferlaten wegen
naar ut onbekende Fryslaan om dêr op ut Oasterdyk beskúl te finen
boven un magazyn an de ekonomise slachader fan ut gastfrije Sneek

Die Kasse muss stimmen dat was fleurege Clemens syn sechje
dou gingst der nyt foar omlêgen August, met dyn ingetogen aard
wonst al dy evenredege Súdwesthoekboerinnen om ’e finger
de tekstylhandel konnen se wel an dij overlate: Ich bin immer billiger
– jaja C & A is tòch foardeleger wurdde nyt om’e nocht ut adagium –
en se loofden dij op dyn moaie blauwe ogen August

gyn wònder dat jum tegare in ’e loop fan de jaren
– C & A sinds 1841 staat wel eigenwys –
met al dy andere Roomse Brenninkmeijers
un knoert fan un tekstylimperium opbouden

de grandeur in simpele inisjalen
kleurt blau en road
ferloogend de oukomst fan
dy Lapkepoepen út Mettingen nyt!… Lês fierder

Lomme Schokker

In spegel yn wiis bestel

logo.ensafh

It lân leit licht en ik ha de honger yn de hals. Wat is wichtich en wêrom, Aggy? Wat bestindich en foar hoe lang? Moat ik úteinlik alles sels útsykje, of mei ik dy dêr nei freegje? Antwurden, oanwizingen, goede leave treast! Ik bring dit te praat, want wat is makliker as jûns let by dy te bycht gean? Do antwurdest teminsten, yn dyn skriuweraasjes by de iterspannen. Do hast dizze wei al earder berûn, of net dan? Ik ken dy net, dochs bin ik dy wyswurden, mei de ûntdekking fan wurden út dyn romme wrâld. Mar wat doarmje wy yn de mist net, wy beide tegearre allinnich.… Lês fierder

Syds Wiersma

Thoor Ballylee

logo.ensafh

Syds Wiersma reizge ôfrûne simmer twa moannen troch Ierlân om dêr te wurkjen oan in nije dichtbondel. Hy krige dêrfoar in projektsubsydzje fan it Nederlands Letterenfonds. De nije bondel sil ein 2020 ferskine. Foar Ensafh skriuwt er in rige literêre reisferhalen oer syn skriuwerstocht.

Thoor Ballylee

Ast de spoaren fan de grutte Ierske dichter William Butler Yeats (1865-1939) folgest, hast ferskate opsjes. Kinst yn Dublin in jûntsje nei Abbey Theatre of nei de permaninte tentoanstelling oer Yeats yn de National Library. Kinst oan ’e noardwestkust fan Ierlân syn grêf besykje yn Drumcliff, County Sligo. As bern brocht er dêr de simmers troch by syn memmes laach.… Lês fierder

Anne Feddema

Diel twa…Dangast?…Wêr leit dat?

logo.ensafh

Tsjin healwei tolven fyts ik Bunde binnen en hoe kin it ek oars?…krekt by de Aldi, Lidl, Combi en Rossmann (it werklike, hjoeddeistige 24-7 Wirtschaftswunder), werom brocht ta de kearn, kinne se de namme fan it plakje faaks better feroarje yn Alicomross of soks, want mear as in besite oan dy winkels, falt dêr net te belibjen neffens my.
Mar lêzers, dát is allegear prachtich en machtich mar ik haw gewoanwei gjin tiid om ho te hâlden, ik moat troch, meters en dan kilometers meitsje op myn Russyske rûlette fytske. Want ûndertusken is dochs wol dúdlik wurden dat der it ien en oar oan myn izeren hynderke mankearret.… Lês fierder