Geart Tigchelaar

Rely Jorritsmapriisútrikking 2019

logo.ensafh

Rely Jorritsmapriisútrikking 2019

De jierlikse Rely Jorritsmapriisútrikking wie nei in tal jierren werom yn Bears. De ûntfangst mei kofje en gebak wie yn de tsjerke, dêrnei moast elkenien nei de Ald Skoalle tarinne. Dêr wie wat betizing oer, mar nettsjinsteande siet it âld-skoalgebou oan ’e nok ta fol mei famylje, freonen, kunde, oare belangstellenden en fansels de fiif priiswinners:

Jetske Bilker mei it fers ‘Sleau mei lok’
Henk Nijp mei it fers ‘wy kinne…’
Remco Kuiper mei it fers ‘Ik miende’
Elmar Kuiper mei it ferhaal ‘Ik doch it foar dy’
Geert Nauta mei it ferhaal ‘Kimboeëwij’

Jan de Vries

Anke Boersma

De trijekoppige sjuery.

Lês fierder
Henk van der Veer

De laaste der Mohikanen

logo.ensafh

 

foar Dieter Steneker

fanmòrren kwam ik Dieter teugen
in’e Wijde Noorderhorne
Dieter is un Sneker
al seit ie self altyd dat syn family út Dútslaan komt

Dieter in ut gogeme oud-papier-karke
fan de Pier de Boer Stichting
tegare met Dicky van der Meulen
lieten se elke maandachmòrren oans fader wear skrikke
krúpten fut achter de toanbank
en riepen dan héél lúd fan BOE

lache jonge, lache!

Dieter op syn fyts
met un plestikpúdsje
fan Sing King Ling
nasigoreng en kroepoek fan’e saak
un ferstroaide filosoof
mar hij is ut nyt
Dieter is un Sneker
al seit ie self altyd dat syn family út Dútslaan komt

Dieter met de drive-in sjo
-Safari Safari
wie is tòch dy wondermoaie frou?-… Lês fierder

Henk Nijp

Oan see

logo.ensafh

It soe hyt wurde; tropysk yn it easten en suden fan it lân en it safolste nije waarmterekôr fan de simmer siet der oan te kommen. Oan ‘e kust foel it wat ta neffens de berjochten. Wy binne gek op see, strân en simmerwaar dat dat kaam goed út.
Moai op tiid joegen wy ús del op it noch koele sân. Parasol mei foar wat skaad as wy dêr al ferlegen om kamen te sitten, en it iten en drinken soe sa hooplik noch in bytsje kâld bliuwe.
It wie net drok, de measte skoallen wiene al wer los neffens de spandoeken ûnderweis, dêr soe it wol mei te krijen ha; romte by de rûs om ús hinne.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Septimber 2019

logo.ensafh

Poëzij

Gerrit de Vries
Unlân
Hispel, Loenen aan de Vecht 2019
Ferkeappriis: € 12,00
ISBN 9789074516310

Unlân is de debútbondel fan Gerrit de Vries. De bondel fangt it libben yn meast hurde, wrange en wanhopige bylden. Wat dêryn trochbrekt is de langst nei tagedienens.

 

Syds Wiersma
Lân sûnder ljurk
Hispel Loenen aan de Vecht 2019
Ferkeappriis: € 15,00
ISBN 9789074516334

Lân sûnder ljurk is de fjirde dichtbondel fan Syds Wiersma (Grou, 1963).

De gedichten yn dizze bondel binne fan de lêste trije jier. Folle mear as yn syn eardere dichtwurk jout Wiersma syn fyzje en poëtyske reaksje op de aktualiteit.… Lês fierder

Greet Andringa

Nuver guod

logo.ensafh

Man, wat ha ik in pinekop! Lêste dei foar in lytse fakânsje en it liket as ha ik hielendal gjin tiid om fuort. It komt fan alle kanten: bern dy’t nei de simmer noch net hielendal teplak rûgele binne op de nije skoalle, âldelju lang net sûn, tassen heal ynpakt, justerjûn net hielendal noflik weromkommen fan in jierdeifeestje wêrtroch’t Leafste en ik beide op ús eigen eilân telâne kommen binne yn stee fan tegearre fleurich foarút te sjen nei it eilân wêr’t we hinne sille.

Opstiigjend troch te folle kofje en âldefrouljusklachten ha ik my fan ’e moarn opsluten yn it kantoar dêr’t tillefoans, klanten en kollega’s my ek al net mei rêst litte.… Lês fierder

Anne Feddema

Dangast?…Wêr leit dat? Diel 1

logo.ensafh

Twaentweintich july, moarns in kertier foar fiven…FYTSEALLEMIEREN. Op ’e fyts, rjochting Grins. Yn elts gefal moat ik earst dêrhinne en der dan nochris trochhinne én foarby. Ik sil nei Dangast…wêr yn ’e goedichheid leit dat?…komt noch. We binne noch mar krekt op ’en paad no? De loft is pears-oranje-kraplak, de nacht wol noch efkes bliuwe mar dat sit der net yn. It simmerljocht wurdt gewoanwei stadichoan te sterk. Dit binne de kleuren fan it noarden, fan bygelyks Emil Nolde, selsbeneamde Germaan by útstek, dy ‘boreale’ ferve-ynstek wie nammers lang net genôch, om him op te nimmen yn it gilde fan de byldzjende Neonephellenisten fan it Tredde Ryk.… Lês fierder

Willem Winters

poepplak

logo.ensafh

foar ús hûs stiet in beam
dy beam stiet yn in fjouwerkant
dat fjouwerkant is ûnbetegele
der leit swarte grûn yn
en in berchje hûneloarten
dat stjonkt
ik mei dêr net oer
út en troch stappe wy op sa’n keutel
oplossing?
de ien makke in blommetúntsje
in twadde belei
it mei houtblokken
wy woene ek wat,
mar wat?
blommen binne by ús samar dea
houtblokken ha wy net

mar aha
by tún heart grint
wy nei de formido
twa sekken grint
noch gjin 5 euro
in omheining fan plankjes
krekt gjin € 10
nei hûs
oan ’t wurk,
bûten kin dat net
it spielt
dan mar yn ’e keamer
plankjes op maat seagje
240×150
wol wat seachsel
plankjes binne te lang om te hantearjen
op ’e hoeke fan de tafel
gatsje boarje
skroef der yn
oare kant
earste skroef sjit los
lit my mar even
in hoekizer prebearje
oare kant earst
hâld dit even fêst
wat?… Lês fierder