Henk van der Veer

Ouwe maten

logo.ensafh

foar Corrie Rameau

allienech dy poëtise Fraanse achernaam fan dij
-binne de Rameau’s afstammelingen fan’e Hugenoaten?-
deed ut hart feller kloppen

dou, jonkje út de Winsemiusstraat fan ’e good-old Noarderhoek
sochst al froech dyn grênzen op as postboade in ut goddeloase Mokum
– un moai endsje ferder as de Ivige Leane dêr’t wij tegare
op goëdkope gympy’s de Avondvierdaagse bedwongen! –

sufeul jaren later sú ik dy monstertòcht op houtsjes
fan Nooitgedacht nòch wear us met dij ride wille over
ut bobbeltsje-ies fan de Franekerfaart richting ferlaten Turns

ut sal nou’t wij de ses krúskes op’e ruch hewwe
wel bij un nostalgys ferlangen bliëve
hoochút un slagje deur ut Wilhelminapark op sundachmòrren
op fraaie lakskoënstsjes met un print fan Herman Brood

tegare nòch een kear de Wilhelminaparkgeiten skillen
– fan buurman Earpeltsje Holkema!-Lês fierder

Lomme Schokker

Moaie Sibbel en har Domela

logo.ensafh

Sibbel, fertelde beppe, wie sa fûl as in skjirre en koe merakels goed sjonge. Earst siet se noch op de sjongferiening fan it doarp, letter bedarre se by it koar fan de frije sosjalisten yn Snits. Dy frije sosjalisten wiene fanatike folgers fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, de grutte anargist. Fan him moast beppe Trientsje oars ek net folle ha. De antykrist, sei se, mei syn trochdraaide harsens en de kop yn de wolken. Beppe stie folle mear oan de kant fan mannen as de Gordykster foarman Geart van der Zwaag en Piter Jelles. Stride, ja, mar doch mar gewoan. Sa net moaie Sibbel, sei beppe, dy hie al wakker mei har Snitser weakskiter fan de frijheid preaun en wie dêrnjonken neffens har syklik fiksearre op de beburde Kristuskop fan dy Domela.… Lês fierder

Janneke Spoelstra

flinters op ’e Boschplaat

logo.ensafh

de noardewyn flapt izich oer it dún,
mar yn it suden triljend de slink

flinters op ’e Boschplaat
hoege neat en nearne hinne

wy spiele oan by Heartbreak Hotel
en op genderneutrale húskes troch

jûns knikt de sjonger, as koe er ús
noch, wy liene him it ear en longerje

nei de dochter, komme grif wer,
de fearboat biedt by elke slach

fan it eilân wider blik, skomkop,
skittering en wolk ferdwine, as wy

Lês fierder