Rienk Vlieger

nachtljocht

logo.ensafh

It is heech wetter. Allinne it klotsen fan de lytse weagen tsjin it basalt fan de seedyk is te
hearren. Boppe op ’e dyk stiet in man. Mei syn grut postuer en mânsk burd is ’t krekt in reus.Yn it tsjuster stekt syn swart sylhûet ôf tsjin in walmjende, blaugriene gloede dy’t yn noardlike rjochting te sjen is. Hy makket mei syn hannen in machteleas gebeart en rint stadich nei ûnderen, nei it wetter ta. De tekken fan blaugrien ljocht liket op dat stuit justjes fûler te baarnen. Tsjin alle ferwachtings yn is ’t gjin ho by de râne. De reus rint troch!… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

myn moasslimme rûpke

logo.ensafh

 

hjoed bewûndere se myn
moaie moasslimme kul, like wol
besnijd, ien rukje der oan
it foarfel sa sitten bleau, sear

hie ‘t net dien, yn ien kear
foar altyd besnien, it skeamel
rûpke bleau bleat, as in ikel
dy’t glom, wie er grut

‘t soe my in pûnter wurde,
pontifikaal, koartsich glânzich.
is er yn ‘t echt as er hurd
is ek sa moai, frege se

noch moaier, joech ik ta
as in spiker mei in kop, mar
pine die er dy net kaam er
yn dyn spleetsje, wier net

it soe fiele as wie ‘t syn
natuerlike stee dat dy
dêr stuts, sei ik, do kinst
der fan op oan, it is sa,

sûnder erch wie er grut
en hurd.… Lês fierder

Geart Tichelaar

Yn petear

logo.ensafh

Dichter Geart Tigchelaar ûndernimt in fytsreis fan in moanne as fiif, seis troch Europa. Ditkear fytst er tegearre mei de faam. Hy is fan doel om foar Ensafh yn alle lannen dêr’t hja komme in proazagedicht te skriuwen. Hjirby de sechde, dy’t yn Slovenië skreaun is.

 

Lês fierder

Geart Tigchelaar

Fryske wyn

logo.ensafh

Dichter Geart Tigchelaar ûndernimt in fytsreis fan in moanne as fiif, seis troch Europa. Ditkear fytst er tegearre mei de faam. Hy is fan doel om foar Ensafh yn alle lannen dêr’t hja komme in proazagedicht te skriuwen. Hjirby de fyfde, dy’t yn Italië skreaun is.

Op snein 11-08-19 publisearret ensafh de folgjende ôflevering yn dizze rige.

 

 … Lês fierder

Geart Tigchelaar

Terpetappe

logo.ensafh

Dichter Geart Tigchelaar ûndernimt in fytsreis fan in moanne as fiif, seis troch Europa. Ditkear fytst er tegearre mei de faam. Hy is fan doel om foar Ensafh yn alle lannen dêr’t hja komme in proazagedicht te skriuwen. Hjirby de fjirde, dy’t yn Switserlân skreaun is.

Op freed 09-08-19 en snein 11-08-19 publlisearret ensafh de folgjende twa ôfleveringen yn dizze rige.

Lês fierder

Chatrina Josty, Geart Tigchelaar

Fjouwer kear Budapest / Quatter giadas Budapest

logo.ensafh

Fjouwer kear Budapest

DE EARSTE

Hjir is it wer begûn. It hie faaks net iens perfoarst Budapest wêze hoegd. En net syn koken.
It wetter fan ’e Donau stiet op it stuit heech. Ik haw it earst yn ’e gaten wannear’t ik mei myn koffer by him foarhûs stean. Hy docht iepen, omearmet my. Goeie, hoe giet it? En in koart blauwe eagen eagenblik folstiet.
Ik moat oan it wurk, seit er en smyt my út syn koken. Ik nim de metro en stap earst út by it einstasjon, ik keapje in iisko foar mysels en meitsje in kuier, om Budapest kennen te learen.… Lês fierder