Lomme Schokker

Opmjitten fan de werklikheid

logo.ensafh

Werom fan fakânsje yn Dútslân, begjin july, lei it tredde nûmer dit jier fan Ensafh op de doarmatte. In soad post falt der oars net mear troch de brievebus: de risping fan twa wiken útfanhûs wie dizze kear in pear biddelbrieven, in net oan te ûntkommen blauwe slúf, twa rekkeningen en it Konsumintebûn mei it safolleste boekje hoe’t ik tûker en foarsichtiger wêze kin op ynternet. Sis no sels, dan is in literêr tydskrift dochs wol it meast lêzenswurdich. Sels Ensafh, hear ik mysels tinken, mar dat is wol sa freeslik flau, schäme mich!

Alle dagen fakânsje, dat ik naam de tiid om te lêzen oer it libben fan Fimme Lap (dêr’t ik aardich wat fan myn eigen ûnderfiningen yn weromken) en foaral de beide treflik byinoar passende artikels oer Cædmon en Bernlef.Lês fierder

Henk Nijp

Iepen dei

logo.ensafh

Ut dommebare nijsgjirrigens gong ik rjochting begraafplak. Gjin idee wat my te wachtsjen stie. Foar de radio hie ik in koart ynterview oer ‘het weekend van de begrafenis’ heard; minsken gongen hjoed-de-dei fierstente gau fan ‘gewoan’ kremearjen út, wylst der hieltyd minder foar in begraffenis keazen waard. Skande fansels fûn de man yn kwestje, de begraffenis moast wer nij libben ynblaasd wurde, want minsken ha yn dizze jachtige tiden ferlet fan autentike rituelen en kontemplaasje, wêr kin dat better as op in goed ûnderhâlden tsjerkhôf? Ik wie benijd wat se der fan meitsje soene mar in folslein wykein, … in moarnsskoft like my earst wol moai genôch.… Lês fierder

Piter Boersma

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 3, 2019

logo.ensafh

Redaksjoneel

Cædmon en Bernlef

Yn it twadde part fan it nûmer wurde hiel wat siden wijd oan in literêr-histoarysk ûnderwerp: twa dichters út de achtste iuw. Geart fan der Mear skriuwt oer Cædmon, de dichter fan it earste Aldingelske en dus Ingelske gedicht. Redbad Veenbaas bûcht him oer de mooglikheid dat fan ús eigen Bernlef, fan wa’t neat bewarre bleaun is dochs wat op skrift fêstlein is, dan wol gjin Aldfrysk, mar miskien wol de Aldsaksyske Heliand. Yn beide artikels wurde sawol Cædmon as Bernlef ferlykjenderwize neamd. It bliuwt foar ûndersikers in útdaging om ankerplakken út it ferline noch mear in gesicht te jaan.… Lês fierder

Jelma Knol

Akky van der Veer (1943-2019)

logo.ensafh

Ynienen lei der alwer in roukaart yn de brievebus: Akky Kuiper-van der Veer, noch mar 75 jier âld. Fjirtjin jier neidat se har man Henk Kuiper loslitte moast, fleach ek Akky fuort. De poëtyske tekst op har kaart is grif fan har hân:

Bin ik no útleard, frege in frou
Yn dit libben wol, antwurde in ingel
Nim my dan mar mei, sei de frou
De ingel tilde har op
Se wie noch lichter as in fearke
Har siel krige wjukken
De frou fleach fuort

En as it Akky har wurden net binne, dan is it wol in fers fan ien fan har talintfolle bern.… Lês fierder

Lubbert Jan de Vries

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (4)

logo.ensafh

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (4)
(In libbensline mei faasje fan de man en syn burd; Whitman foar ‘dummies’)

(boarne: https://whitmanarchive.org (dêryn foaral: https://whitmanarchive.org/biography/walt_whitman/index.html (– Ed Folsom&Kenneth M. Price editors)
(noat: lês ek ‘Outlaw Poetry’ Ensafh tydskrift # 4/2017)

(Om’t it dizze moanne 200 jier lyn is dat Walt Whitman berne is publisearret Ensafh de kommende wiken yn 4 ôfleveringen dit artikel fan Lubbert Jan de Vries. Dit is ôflevering 3)

(Sjoch ôflevering 1, 2, 3)

1870 – 1884

It giet minder en minder mei de sûnens. Op it wurk giet it ek minder linich; nei it earste folgje noch in keppel ‘moraal’-ynsidinten.… Lês fierder

Anne Feddema

Opake

logo.ensafh

Sân maaie 2019, in bysûnder skiere dei en fierstente kâld foar de tiid fan it jier, middeis. Wis noch gjin maitiid om efkes lekker yn ’e tún te sitten. Moarns haw ik noch op paad west, in serendipiteitskuierke út gewoante. Ik rin dan nei de Omrin-twaddehâns-negoasjewinkel, yn ’e Voltastrjitte op it yndustryterrein West yn Ljouwert (witte jimme dát ek wer en kinne jimme sels oan serendipiteitskuierkes begjinne) om dus neat spesjaals te sykjen en altiten eat te finen. Ik sjoch dan altyd by de keunstboeken, by de oare boeken mei ik fan mysels al in hiel skoft net mear sjen, want eins, de minsken dy’t by my west hawwe witte wêr’t ik it oer haw, soe der gjin boek, ek gjin keunstboek, by yn moatte, ik soe se sels ferkeapje moatte, mar sels mei in revolver op ’e holle, soe ik dat noch net kinne.… Lês fierder