Anne Feddema

Jubileum

logo.ensafh

Dit jier bin ik fjirtich jier byldzjend keunstner. Sa no en dan kin ik dat sels net iens leauwe. Wêrom en hoe wit ik dat? Gjin prikklok, baas of administraasje dy’t my dat fertelle kin.
Fjirtich jier lyn waard ik ien en tweintich en in skoftke derfoar hie ik myn earste grutte skilderij makke. Earne yn it begjin fan septimber 1982 wie ik dêr oan begûn. Tocht ik doe werklik konkreet: Ik bin keunstner. No nee, perfoarst net hear … ik fielde gewoan in ynderlike twang om te skilderjen.
Aldergeloks is dy twang altyd bleaun. Foar jild haw ik net al te faak it pinsiel of tekenark yn ’e hân naam.… Lês fierder

Anne Feddema

Preker

logo.ensafh

Alle dingen meitsje sa wurch, gjinien kin se allegear neame. It each rekket net útsjoen en it ear net útharke.

In stikmannich fan ’e jonges wie efkes sitten gean, in bytsje slûgje yn it sintsje. Yn ’e fierte klonken no en dan djippe dreunen ôfwiksele mei koart ratteljen fan automatysk gewearfjoer. Wurden klonken der net, der wie net ien dy’t der op dat stuit ferlet fan hie om wat te sizzen.
De measte fan ’e manlju om him hinne hienen bynammen krigen.
Dy keardel dêro wie ‘De Slachter’ om’t er in skoftke lyn, op it hiem fan in stikkensketten pleatske, ûnder begelieding fan ’e entûsjaste gjalpen fan keardels fol mei adrenaline de kop fan in libbene hin ôfbiten hie.… Lês fierder

Anne Feddema

Jochem Hamstra: Bringer fan tsjuster ljocht

logo.ensafh

Yn in petear mei Gitte Brugman yn de LC 21-10-2022 seit Jochum Hamstra dat er no dwaande is mei skilderijen mei in lânskiplik útgongspunt.
Dêr wachtsje ik op. Iderien dy’t fan earlike, treflike skilderkeunst hâldt moat ûnderwilens Hamstra syn nijste útstallingen sjen. Jochem is gewoanwei ien fan ’e grutste Fryske skildertalinten fan ’e lêste fyftich jier.

Wêr is Hamstra te sjen? Museum Belvédère Hearrefean oant en mei 29 jannewaris 2023 en yn Galerie Alta Bosca op ’e Gerdyk oant en mei 4 desimber.

As jim de wurken fan Jochum Hamstra yn it echt sjoen hawwe, soene jim dizze skôging mei myn kommintaar by guon skilderijen lêze kinne.… Lês fierder

Anne Feddema

De strideraasje mei mysels

logo.ensafh

No ja…strideraasje, it falt ek noch wol in bytsje ta, hear. (knypeagjende smiley)

It is net sa dat myn ynderlik oan it fjochtsjen is mei my as in Jakob mei de ingel … ik bedoel mar: myn broer spilet gjin rol fan betsjutting yn dit stik…grapke foar de goed ûnderleine, âldtestamintyske firtuoas.

It hat mear mei it kreative (ik haatsje dit wurd) proses te krijen … de wrakseling tusken deistige realiteit en it werklik op dat stuit meitsjen fan eat (ik sil it mei opsetsin gjin keunst neame want by eintsjebeslút haw ik dêr neat oer te sizzen).

Ik bin immen dy’t jimmeroan op ’e tiid op syn ôfspraken is … neffens guon bin ik sels gauris té betiid.Lês fierder

Anne Feddema

Peintre maudit

logo.ensafh

It kafee, dêr’t de literêre gearkomste wie, siet lang net fol. Oan in grutte tafel sieten wol in stikmannich minsken, dat moasten hast wol dichters en skriuwers wêze. Gjalt de Bruin seach nei it taferiel nammers mear mei it each fan in goed yn ’e byldzjende keunsten ynfierde skilder. Wat er foar him seach, die him tinken oan ‘la última cena’, yn dit spesifike gefal ek werklik oan de fersy fan it renêssânse-sjeny Leonardo da Vinci. It lêste jûnsmiel…Jezus siet fansels yn ’e midden, in man mei in frijwat plodsk antlit dy’t, op it stuit ien fan ’e ferneamde gehakballen fan it kafee oan it fuortwurkjen wie.… Lês fierder