Klik op de foto foar in grutter byld (pdf)… Lês fierder
Gjin better wapen tsjin ferjitnis as in monumint yn moarmer, mar tombes binne út ’e tiid en in prealgrêf rûkt nei lang fergiene adel. Net ien wit wa’t ik bin en dy’t myn namme kenne, wenje oan myn strjitte yn in doarp fan neat of it meast beskieden stedsje fan de alve. Dêr ha se my stean sjoen yn it finster fan har blauwe enveloppen, op ’e wite sluven fan har kryst- en jierdeikaarten, en kwattelen my jierliks del op ’e earste side fan wer in nije bûsaginda. Mar papier ferliest terrein, wat ik, fjildhear, festinggelearde en útfiner fan myn eigen mortier, al iuwen earder die.… Lês fierder
Op koweblomkes sjit molke gjin woartel
de boer skrobbet it griene fel
mei hurde boarstels
en deade sjippe
de jager kloek en warber knypt de eagen ta
stikelstekker mei sjitkrûd lûd
it fjild wer skjin en fleis
sil der groeie
de boer rekket wei, de jager allikegoed
en it keninkryk feroaret en it keninkryk feroaret net
© Mark Rothko
Alle kunst houdt zich bezig
met het wenken van de dood
Mark Rothko
i.
De klok ferkocht ús nacht, mar
in supermoanne wjerskynde de polder yn rust
en ferkoalle blau, we holden stil en it swijen waard goud
ûnder yn byld it wetter fan de boezem deakatoen en ierdeswart
soks haw ik foarige simmer as skilderij sjoen
sei ik ûnferhoeds, Rothko woe dêrmei de tiid stilsette
ik haw der sitten, besocht deryn te stappen; it is my net slagge
dêr, by it gemaal haw ik, ik wie in jonkje, in fisk fongen en deamakke
heakje ynslokt, hoelang´t ik dêr sitten haw, gjin idee
it stiet my net mear by, wol it mûsstil
ii.… Lês fierder
kreas en kwier yn it gelid rûnen wy achter juf
fan it skoalgebou nei de gymseal
net Jan
út it lead luts hy
– wy wisten net better –
doe al nei bûten, nei de strjitkant
juf rôp dan:
rjochtút rinne, sa
rjocht as kapstôkheakjes
mar Jan as heakje siet doe al te ticht op ’e râne
in lichte luchtige simmerjas al te swier
en kleaud it hout
koest it sjen
wat wisten we
oant de dei
dat de jûn earder foel
en krekt dêrfoar de earste snie
net mear in gebou komt by de himel, is noch heech genôch
foar de muezzin en syn azan; kom no en bid
foar de koster it lieden fan de klokken
in fermoeden fan in âlde stêd, spûken
fan golle parken, lange leanen en huzen frij fan wyn
in âlde frou stiet in hoart stil op inkeld in skym fan in strjitte
bûget dan de holle en rint nei wat ea in swetsrûzich steechje wie
twa noch steande muorren jouwe de no lege ingte stâl
dêrtuskenyn bliuwt hja stean en sjongt
hoeden in liet oer de leafde; kom myn leave
dat sêft fan lûd mar resolút tsjin de stiennen ketst
der by op krûpt en klimt en klinkt in wapen sa nommel en grut… Lês fierder
It is foar eefkes
( koarte berchetappe mei, is de hope, finish op de top)
it is
by de 6e draai
as de swiere rook
fan roppich roaid grenen
– der moatte hûzen komme –
ferfljocht yn in fleach plak makket
foar de walm
fan in miste bocht
der sit wat yn myn noas dat seit
dat der neat mear op te wekjen wie
gjin ferkwikking gjin swiete fredige dea
tsjin de dinnen dy’t noch steane
in aardich stik leger is foarmbehâld
loslitten in twingootsje fermoedzje ik sa
read of soks út dat part fan de kleurenwaaier
in digipiep moannet my werom yn de plende hertslachsône
ik sjoch ik beken de jungle mar moat dûnsjen bliuwe
de rook fan hars en hout springt wer op
der moatte hûzen komme
al is it inkeld mar
foar eefkes… Lês fierder