Grif in aardige keardel, ús dosint, hoewol’t syn puntburdsje ûnderoan it meager en skriel gesicht fol krommels sit. Syn tafel leit besiedde mei sellofaan-omwuolle sûkelarjeletterkes en oanbrutsen pakken sinteklaaskoekjes.
Der binne mar twa kursisten. Rjochts by it rút sit in frou dy’t har bekend makket as Rideltsje Rymstra. Op it boarst hat se in button mei de tekst I Love Swarte Pyt, op har tafeltsje leit in pûde dúmkes. Foar har oer sit de swarte man. As wy mei-inoar fûstkje stelt er him foar as Marcello Witmarsum fan Suriname. Op syn tafel in soad boeken en dêr boppe-op twa lytse posters mei de tekst: Swarte Pyt kin net.… Lês fierder
Schokker. Lomme
Frysk skriuwe en de wow-faktor
Alles is psychology, sa lang it teminsten noch net ta in algoritme ferwurden is. Myn skriuwen fan de lêste pear jier hat bepaalde effekten op my. Foar’t dy wer weiwurde moat ik se hjoed mar fan my ôfskriuwe. Dan ha ik it fêstsetten, is it út de wei en hearre jimme my der net mear oer.
Skriuwe is ûntdekke. Ik kom wurden tsjin dy’t ik skjin fergetten wie, wurden fan ús heit en fan ús mem. Watguod? Ik hear it heit noch sizzen. Fertutearze, allikefolle, arrejakkes, dêroanta, wrottersspultsje. Se komme werom yn myn fokabulêre. Nij binne in protte siswizen, dy’t ik net koe, mar dy’t wol sa moai binne.… Lês fierder
Ferdinand de Jong: De tredde perioade
De Jong hat der aardich de gong yn mei it opbouwen fan in oeuvre. De tredde perioade is it seisde boek yn in tiidbestek fan acht jier en dat wol wat sizze. Twa jier lyn seach er nei Kanada foar De Nova Scotia staazje, al earder skreau er oer it Himalayaberchte en dizze kear teach er foar ynspiraasje nei de kjeld en koperminen fan Sibearië.
Luitenant Rodion Zakirov skopt in strieminne drilynstrukteur mei in dwerslesy de rolstoel yn en moat dan as boarger besykje in nij bestean yn Moskou op te bouwen. Dat slagget fan gjin kant, de mingels wodka bringe him ek net folle fierder en sa fynt buorfrou Lara op in dei Rodion by him thús mei de foardoar iepen, stomdronken yn syn eigen dridze.… Lês fierder
It projekteparadys
Net hindere troch kennis fan saken en dreaun troch in aferzje tsjin wat sa nedich wer ris it safolste populêr projekt fan divedaasje wêze moat, foeterje ik gauris as in âlde brompot fan om utens, en dus fan bûten de werklikheid, op alles en eltsenien. Dan kin ik dit jier yn Ljouwert en omkriten it hert ophelje, hear ik sizzen, mar mei better besjen sitte der tusken al dy projekten dochs moai wat juwieltsjes.
Lêsten krige ik fan de broer dy’t alle dagen jirpels yt, it boekwurk fan Poetic Potatoes – Poetry in Potato Bags yn de hannen stoppe. Hy hat as Kultureel Minske in abonnemint op de Moanne, – safier is it by my noch lang net – en ik ha begrepen dat it patataboek as taheaksel meistjoerd is.… Lês fierder
Daphne Caruana
Bern, fertrou net de ôfdwaanders lâns de wei.
Dy wolle de wierheid poatsjedraaie
yn it tsjuster, of gewoan op klearljochtdei.
Slimmer noch, sy sille neat leaver dêrnei
jimme ien foar ien neaken útklaaie.
Nee, fertrou net de ôfdwaanders lâns de wei.
Witte de Friezen dêrjinsen fier wei,
hoe’t wy hjir âlde kunde dea-aaie
yn it tsjuster, of gewoan op klearljochtdei?
Al tiden komme malloaten my tenei,
Dôgeneaten dy’t my bekjeflaaie.
Bern, fertrou nea de ôfdwaanders lâns de wei
yn Malta, dêr’t se nei alle bochten mei
al jimme rjochten de flier oanfeie
yn it tsjuster, of gewoan op klearljochtdei.
It stiet no oan jim, mear as sljochtwei:
Unk en lijen sille nea samar ferwaaie.… Lês fierder
De boogywoogy fan in lesjouwer
Jan J. Bylsma, learaar Nederlânsk fan profesje en skriuwer fan rym en ûnrym yn eigen tiid, seach op moandeitemiddei 27 septimber fan it jier 1971 om kertier foar trijen, de sânentweintich switterige learlingen fan klasse H4b foar syn lêste les fan de dei net botte entûsjast mei folút beskreaune pukkels oer it skouder syn lokaal ynskeuveljen. Hy frege him ôf wat er mei dy kliemske kliber fan midsmjittigens, dat ûngeregeld soadsje fan skruten MULO-trochstreamers en sjeesd HBS-potinsjeel, yn ’e goedichheid oan moast.
It leafst joech er, as er yn sa’n stiifkoppige moandeitemiddeistimming wie as hjoed, nei in wykein boogywoogyen yn Amsterdam of nei in nachtlang petearjen oant yn it ûneinige op ien of oar ferwaaid, spjuntich, klaaiker buorskip mei Gerard, Douwe, Trinus of Ype, in ûnferwachte skriftlike oerhearring om dûm fan alle kuldigens fan it gedonder ôf te wêzen en om syn stjerrende kater tiid te jaan te deformearjen, mar sokssawat hied er ferline wike ek al dien en sa maklik mocht er nei eigen konsjinsje fansels net alle wiken it jild fertsjinje.… Lês fierder
It nijs dat ta ús komt
Betinking autobomoanslach Malta
De auto dêr’t de Malteeske sjoernalist Daphne Caruana yn ried doe’t se troch de bomoanslach op 16 oktober 2017 de loft yn fleach, wie in Peugeot 108, type Access, boujier 2014, yn folsleine útrissing en ekstra mei aluminium felgen. De Pan-Europeeske Peugeot 108 Fanklup sil dêrom dit jier yn Malta op 16 oktober in optocht hâlde ta de neitins fan de oanslach. Opjefte is mooglik by de Fryske ôfdieling, Blokhúsplein 40, Ljouwert. De aksje wurdt sponsore troch Semtex, in brûksume oplossing fan al jo smoarge wask. Ko-sponsor: de Nederlânske Federaasje fan Autosjoernalisten. Stap yn de wrâld fan de sjoernalist, gjin dei itselde!… Lês fierder