Ik ha 20.000 euro op ’e bank te stean. Ik bin in minske, dat wol sizze in ynklauwer, libjend oer de rêch fan alles en elkenien, allinne oan mysels tinkend. Ik sis dat it beskamsum is, diel dy 20.000 euro lykwols net út, mar gean der op sitten en doch der inkeldris wat aardichs foar om mysels te bedjerren. Ik bin in minske, ik ferkeapje moaie praatsjes, slút de eagen foar wat ik bin, in rôver, moardner, útsûger en ûnderdrukker. Ik bin in minske, ik respektearje myn meiminsken net. ‘Alles foar my’, dêr libje ik neffens, wylst ik de gedachte oanhingje, dat ik dy 20.000 euro weijaan moat.… Lês fierder
Skermer
Lizze yn it lizzen
Wêr tsjut it op as men it net lykfine kin mei it sizzen: ‘In minske is in minske, gjin bist,’ en likemin mei it sizzen: ‘In minske is ek in bist?’
Wêr tsjut it op as men jin befrijd fielt by it sizzen: ‘In minske is in bist, in bist ûnder de bisten’.
Wêr tsjut it op as men neat ha moat fan it Kristendom en it Humanisme?
Wêr tsjut it op as men mei wolgefallen lêst: ‘Himel en ierde binne net spesjaal op minsken begien. Foar har binne alle dingen as de striehûnen. De wize is net op minsken begien.… Lês fierder
Avercamp
It frear al in pear dagen, mar noch net fûl.
Wy soene te kuierjen by de mar.
Ik sei: ‘Faaks wurdt der op it bûtlân al riden.’
En dat wie sa. Ut ’e fierte wei seagen wei de auto’s al stean. It wie der drok.
Wy ha in skoftke op it iis stien. Wat in riders fuortdaliks. Jong en âld. Alderwetske iiswille, samar ynienen!
Wy kuieren de hege mardyk del. Earst de iene en doe de oare kant út en hieltyd stiene wy stil om nei de riders op ’e flakte te sjen.
It waaide net, de sinne skynde. It wie ideaal waar.… Lês fierder
Alfabet
De A is de rotsoai – …
Aanst altyd mar aanst
De ellinde is de B – De boat yn ’e fierte
Barst dan ek mar
De C is de stank – …
C kear mar it jout neat
De aaklikheid is de D – In dûk yn see
Drek op it hiem
De E is it fergif – ….
Eigenaardich as alles watst tinkst
De pine is de F – De slingerjende feart
Fuort hjirwei – …
De G is de de eangst – ….
Grûntoan dy’t oanhâldt
De wanhope is de H – De hichte yn it lân
……
De I is de leechte – …
…..… Lês fierder
Pastinaak
Pastinaak, wat in wurd.
Wy ha it hjoed as foargesetsje hân. Wy ite it gauris. Wy ite pastinaak sûnder wat der by en sa tamakke: yn skyfkes snijd, even sean yn sâlt wetter, ôfkuolle, mei wat sâlt troch blom helle, hiel lichtsjes brún bakt yn bûter.
Pastinaak ite, dat wurd priuwe! It is in lekkernij!
Wat is pastinaak? In op syn minst tweintich sintimeter lange grouwe krêmwite woartel, dy’tst rau, stoofd of bakt ite kinst en yn stampot, potiten en sop.
De plant komt fan oarsprong út it Midellânske See-gebiet. De âlde Griken en Romeinen ieten him al. Romeinske soldaten namen namen him mei nei it noarden.… Lês fierder
De tiid fan it jier
It sil him oan ’e tiid fan it jier lizze. Ik sjoch nei in beam dy’t de kleuren griis, brún, grien en read te sjen jout. It is in wûnder.
It gers is noch moai grien, mar groei amper noch, ik hoech net mear te meanen. Dat sinniget my tige.
Yn alle rêst ha ik de bûtendoarstuollen en -taffeltsjes skjinmakke en op ’e hokssolder set
Ik sjoch nei de brúngrize stâlen fan ’e stokroazen.
De loft is griis, it waait út it easten, mar net al te hurd en it is in sachte lucht.
Ik ha gjin oanstriid om achter in idee oan te rinnen.… Lês fierder
Is der in wei werom?
‘It kin noch oars,’ sei er.
Ik skodholle.
‘Nee?!’ skeat syn stim út.
‘Yn dit gefal net. En moatst it net iens wolle.’
‘Yn dit gefal dus net, seist, en moatst it net wolle.’
‘Wy litte ús meinimme troch in stim, in rop.’
‘Kinst altyd nee sizze.’
‘Ast dat dochst stietst oan ’e kant.’
‘Soe ’t? Is dat net fatalistysk?’
‘It is de wierheid.’
‘Hast it rjocht om te wegerjen!’
‘Wat seit dyn liif?’
‘Myn liif wol net.’
‘It is allinne mar ferset.’
‘Soe ’t?’
‘Fielst datst mei moatst. It is dy oansein en hast der neat tsjinyn te bringen.’
‘Soe ’t?’… Lês fierder