Hille Ouwe Bijlsma is gearstaller fan in fotoboek (mei tekst) oer de Ljouwerter noazems yn de jierren ’50. Fansels komme de Rock en Roll-reboelje, de Dingleyboys, de Zwarte Panters en harren ûnderlinge striid en lettere gearwurking oan bar. Bijlsma skriuwt foar it grutste part út de earste hân, hy wie der by, ek doe’t se it ‘kriminele paad’ opgyngen, ynbrekke en platen jatte. Mar dat wie gaueftich oer doe’t de plysje oan ’e doar kaam.
It noazemdom hat lang dy oandacht net krigen fan skriuwers en ûndersikers as de lettere provo’s. Foar Ljouwert leit der no in moai begjin. It is spitich dat der sprake is fan fersnipeling: fan ’t simmer hie it HCL in tentoanstelling oer ‘it langhierrich rapalje’.… Lês fierder