Piter Boersma

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 2, 2019

logo.ensafh

Poëzy
Yn dit nûmer stiet moai wat poëzy, bygelyks dy yn it Snitsers fan ’e hân fan Henk van der Veer en út it Deensk troch Geert Tigchelaar oersette gedichten en it fêste proazagedicht fan Nyk de Vries. In tal rigels út de oare gedichten: ‘mar hy sit al op in eigen stoel’ (Hidde Boersma), ‘swiersoer fielnear / befret bekrûpt beswolget my’ (Ruerd Smaling), ‘Fanút swiet swit / Sliepstân opsteansprong/ Yn in hjitteweachsimmer’ (Anne Feddema), ‘myn hert is in gleone waarmtepomp’ (Gerrit de Vries), ‘jierliks de garibaldi fan in karmaster’ (Marije Roorda).

It poëtysk oeuvre fan Tsjêbbe Hettinga
Cornelis van der Wal hat him bûgd oer It faderpaard, de twatalige (Frysk en Nederlânsk) bondel mei alle poëzy fan Tsjêbbe Hettinga.… Lês fierder

Edwin de Groot

De keale dearnis fan dingen

logo.ensafh

 

Op koweblomkes sjit molke gjin woartel
de boer skrobbet it griene fel
mei hurde boarstels
en deade sjippe

de jager kloek en warber knypt de eagen ta
stikelstekker mei sjitkrûd lûd
it fjild wer skjin en fleis
sil der groeie

de boer rekket wei, de jager allikegoed
en it keninkryk feroaret en it keninkryk feroaret net

Lês fierder

Lubbert Jan de Vries

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (2)

logo.ensafh

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (1)
(In libbensline mei faasje fan de man en syn burd; Whitman foar ‘dummies’)

(boarne: https://whitmanarchive.org (dêryn foaral: https://whitmanarchive.org/biography/walt_whitman/index.html (– Ed Folsom&Kenneth M. Price editors)
(noat: lês ek ‘Outlaw Poetry’ Ensafh tydskrift # 4/2017)

(Om’t it dizze moanne 200 jier lyn is dat Walt Whitman berne is publisearret Ensafh de kommende wiken yn 4 ôfleveringen dit artikel fan Lubbert Jan de Vries. Dit is ôflevering 2.)

(Sjoch ôflevering 1)

1833 – 1845

Op in stuit wolle heit en mem Whitman werom nei Long Island. Walt, dy’t dan 14 jier is, giet net mei.… Lês fierder

Lomme Schokker

Op ’e tiid foar de Rely?

logo.ensafh

Komt it dy ek sa oer it mêd, broer? Hasto, lykas ik, in pear jier lyn ek sa ferskriklik de ôfslach mist? Ynienen hawwe se it oer in ‘dystopy’, as antonym foar in utopy. In dystopy soe in maatskippij wêze moatte mei inkeld horrorsituaasjes dêr’tst absolút net yn wenje wolst. Wisto dat de iene nei de oare auteur tsjintwurdich oer swartgallige mienskippen skriuwt? En dat dy auteurs der ek noch prizen mei winne? Hoe koene wy sa blyn en dôf wêze!

Koartlyn wie it wer safier. It boek fan de winner Libris Literatuer Priis 2019, De goede zoon fan in Rob van Essen, giet ek oer sa’n ferfrjemdzjende takomst dy’t, as ik it goed begrepen ha, der winliks al is.… Lês fierder

Duo von Däniken

Stinne ’69

logo.ensafh

Harkje nei in unike opname fan Dea hynder, in band dy’t nei alle gedachten mar in pear wiken bestien hat. Renee Koster fan de Omrop hat in opname op tape út it jier 1969  weromfûn, en de techneuten fan de Omrop hawwe it titelleaze nûmer hielendal oplape. Yn oerlis mei de dochter fan de spitigernôch betiid oan de drugs ferstoarne gitarist Jan Rypkema hawwe wy it nûmer Stinne ’69 neamd. Klik hjirre foar de muzyk… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

wynhûs

logo.ensafh

wat wie ik der op tsjin dat amy
samar stoar, amper 27 jier jong
se hie it nea net mei my oerlein

wat wie ik lilk doe’t ik hearde
dat amy kassy wijlen wie wylst
we betochten dat se lykas dinah

wol tachtich wurde koe en noch
sjonge soe lykas body and soul
lokkich stiet der wat op youtube

sadat ik har stimme alle dagen
oproppe kin; ik bin sa wyld op
har en sa beswar ik it hinnegean

mar dat nimt net wei dat ik der
fûl op tsjin bin dat se no wei is… Lês fierder