Martijn Kingma

Nije lêzers winne foar de Fryske literatuer yn (KH)2018

logo.ensafh

Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 binne allerhanne projekten opset om de Fryske kultuer út te dragen, en literatuer is fansels in wichtich part fan kultuer. No is it ek sa dat taal lestich te ‘marketen’ is. Je kinne kieze foar in ynklusive oanpak, lykas it talepaviljoen OBE op it Aldehoustertsjerkhôf mei it motto “alles is taal”, mar je kinne ek kieze foar in wat konvinsjonelere oanpak en de Fryske literatuer oan in breder en nij publyk presintearje. Ik sil yn dit resinsje-artikel twa boeken besprekke dy’t dat op hiel ferskillende wizen besykje te dwaan: Salang’t de beam bloeit (hjirnei SDBB) fan Joke Corporaal en Swallows and Floating Horses (hjirnei SFH) fan Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Looijenga.… Lês fierder

Henk Nijp

Sifers

logo.ensafh

Somtiden is it al oan de ‘deadline’ ta en hat him noch hieltyd net in gaadlik ûnderwerp foar in kollum oantsjinne. En dan moat der dochs wat komme…
It waar soe kinne en dan yn ferbân mei de feroaringen fan it klimaat. De kommende apokalyps, de bedrige natuer, de ûndergong fan de planeet. Mar ik fûn de simmer fan ferline jier, as ik hiel earlik bin, wol lekker. En mei in febrewarismoanne as fan dit jier, mei de krookjes sawat fjouwer wike earder yn bloei, hâld ik it derop dat it no deselde kant wer op giet. Neffens de statistyk sil dat wol net kinne en it sil ek wol net sa net hearre, mar my silst der net oer hearre.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

In album stiiffol hits

logo.ensafh

Begjin febrewaris fan dit jier brocht Sytse Haima fan Weidum syn twadde solo-cd Tsjin better witten yn? út. It is in skiif fol mei bysûnder goed yn it gehoar lizzende, oansteklike nûmers wurden, dy’t tekstueel én muzikaal suver sûnder wryt of slyt binne.

Townes Van Zandt

Multy-ynstrumintalist Sytse Haima hat, nei syn aventoeren mei de melodieuze punkrockband Kobus Gaat Naar Appelscha (dêr’t er elektryske gitaar yn spile) yn ’e jierren 1985-1989, winlik altyd muzikaal warber west op ’e snijflakken fan folk, country, bluegrass, pop en rock. Dat is foaral goed te hearren op ’e njoggen albums fan it duo Pigmeat, dat Haima tusken 1989 en 2009, tweintich jier lang, foarme mei in oare multy-ynstrumintalist: Jan(kobus) Seunnenga.… Lês fierder

Piter Boersma

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 1, 2019

logo.ensafh

Redaksjoneel

Dit earste nûmer fan 2019 stiet in artikel yn dat yn omfang alle oare bydragen fier oertreft. It is dêrom achter yn it nûmer pleatst sadat de gedichten, in ferhaal en in essee earst de romte krije dy’t se fertsjinje.

Oppewal oer Swallows and Floating Horses
It bedoelde artikel, fan de hân fan Teake Oppewal, is in wiidweidige, yngeande, mar tagelyk yn syn ûnderdielen ek kompakte resinsje fan it boek Swallows and Floating Horses, in grutte Ingelsktalige blomlêzing fan de Fryske literatuer. It boek is in wichtige útjefte, Oppewal syn artikel is dêrby sawol as resinsje as yntroduksje tige fan belang.… Lês fierder

Henk van der Veer

levend hout

logo.ensafh

I.M. Wim Heins*

in trage skòkkerege slow-motion beelden- rétroperspektyf-
komt un stuk fan dyn kleurryk leven in
un smetteloas wit Hema-hemd foarbij
speulst met houten skyfkes dy’st sòrchfuldech opslaatst
as waardefolle kleinoaden

de oergeur fan fers saagd hout bepaalt dyn stemming
dúzend soarten brenge dij in un foarbije weareld
soekst moedech ferbining tussen Toen & Nu
rúkst en streelst ut rúw kwetsbere hout
probearst ròtting, wurms en skimmel foar te bliëven

as un minnaar streelst en skaafst ut onbewerkte hout
langsem toverst fan kapte bomen un kòstber instrúment
op ’e klanken fan ’e Ginhouse Blues Band klinkt un sentimental
journey fan un jonkje dat huppelend over de kletsnatte klinkers
in de Wommelster buorren ut evech leven tegemoet daanst

su leek ut teminsten

*Wim Heins was bekend gitaarbouwerLês fierder

Anne Feddema

Wêrom skriuwe?

logo.ensafh

Doe skuorde de hegepryster syn klean stikken en sei: ‘Hy hat God belastere. Wat moatte wy noch mei mear tsjûgen? Jimme hawwe de godslastering sels heard. Wat tinkt jimme?’ Hja antwurden: ‘De dea skuldich.’ Doe spuiden se Him yn it gesicht en sloegen Him mei de fûsten, oaren ek mei kneppels, en se seinen: ‘Sis ús ris, profeet Kristus, wa is it dy’t Jo slein hat?’

Sokssawat is myn skriuwerskip begûn en dan in bytsje oars fansels. Sa wie it dekôr net it Sanhedrin út it Nije Testamint, mar in kroech, de Wynkúp, doe, jierren tachtich fan ’e foarige ieu, te finen yn ’e Doelesteech yn Ljouwert.… Lês fierder