Jelma Knol

Machteleas matriarchaat? (Mem 4)

logo.ensafh

Yn Libben reach (2008) fan Greet Andringa triuwt Geeske, in jonge mem fan twa bern, har dochterke fan de trep. It bern leit in skoft yn koma en de mem wrakselet mei har skuldgefoelens. Wylst se op de IC by de bewusteleaze Tsjitske sit, trunet de sealdokter Geeske oan om safolle mooglik kontakt mei Tsjitske te lizzen.

‘Hielendal wis binne wy der net fan, mar wy ha har de lêste oere in pear kear mei de eachlidden knipen sjoen. Dat soe betsjutte kinne dat se stadichoan wat tichterby komt. Pak har mar by de hân.’

Ik wol wol, neat leaver as dat, mar ik kin it net.Lês fierder

Lomme Schokker

Ferburgen boeken

logo.ensafh

De Jong wie in learaar maatskippijlear dy’t by ús yn it doarp wenne. Ien fan syn soannen wie fan myn leeftyd, dat ik kaam der wol ris oer de flier. Ik moat ús mem doe ferteld hawwe hoe’t ik ûnder de yndruk wie fan dy wenkeamer grôtfol mei boeken. Boeken oeral yn it rûn, tsjin alle muorren boeken, fan de flier oant it plafond ta. Wat it plaatsje folslein makke wie in fersliten learen earmstoel yn de hoeke ûnder in steande skimerlampe, it bysettafeltsje mei de boeken dêr’t er mei dwaande wie en in twadde, lytser en leger tafeltsje mei foar de greep de kofje, de buorrel en it jiskebakje.… Lês fierder

Syds Wiersma

Grauballeman

logo.ensafh

Oer syn ferbliuw yn Aarhus skreau Syds Wiersma it folgjende gedicht. De Grauballeman is in feanlyk út de Izertiid dat yn 1952 yn it heechfean by Grauballe yn Jutlân fûn waard. It wie hast folslein yntakt, waard konservearre en leit no útstald yn it kultuerhistoarysk museum Moesgaard by Aarhus.

Grauballeman

Foar Godsbanen feie ranzjearders
plassen fan it asfalt, maratondravers
rekke kûtspieren op oerslachperrons

Moarnsljocht is in fine kaam, fan bien
de toskjes kaardzjend oer myn skjinwaaid
ferset, wêr is ‘t bleaun, wa hat it beset?

It dzjengiswyfke yn it park? Hoeden
rint se oer in sprei fan pearse krokus,
beharket se berjochten út ‘e sompe

Wylst de toer de klok op moarmeren
platen om ‘e ielreagershalzen
fan fiskjende havenkranen hinget

Sprekt it feanlyk my ta: by offertiidpanyk
in skimerwrâld ynjage, de kiel trochsnien,
fan izer oant nukleêr de iuwen fergriemd

Tutet in turfmakkersloete him wekker,
taand en skeard yn ‘t soer fan ikebast
kinst hjoed online syn dreamtiid bestelle

Liddich leit er, as Oscar Wilde yn Dublin
op syn stien by Merrion Square, de draak
mei alles, pine ferpakt yn mime fan taal

De dea syn priis is androgyn, in pølse
mei hite moster op in slop kartontsje kwakt.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Ferslach fan toernee troch Denemarken mei Wiersma, Van der Wal, Kuiper en Tigchelaar

logo.ensafh

Op 11 maart reizgen de dichters Syds Wiersma, Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar ôf mei de trein nei Aarhus. Dy sette mei swierrichheden útein trochdat de trein net fierder as Hurdegaryp gie. Dat hja binne mar gau werom nei Ljouwert gien en hawwe doe Syds syn auto nei Leer pakt. Geart hie dêr kunde, dat sadwaande koe de auto by har moai op it hiem stean en sa kamen hja úteinlik mei in pear oeren fertraging op it stasjon fan Aarhus oan. Hja ferbleaunen yn Godsbanen (in eardere oerslach fan frachttreinen dat no in Blokhúspoarte XL is).… Lês fierder

Geart Tigchelaar, Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma

It earste ljipaai fan Denemarken

logo.ensafh

Dichters Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar holden fan 11 oant 17 maart 2019 yn Aarhus ta. Doe’t hja in besite brochten oan it Moesgaard Museum fûn Elmar Kuiper op it skeane tek it alderearste ljipaai fan Denemarken.

https://youtu.be/v8sBhFjwU94

 

 … Lês fierder

Jelma Knol

In spegelpaleis yn de poalsirkel: Paadwizer fan Eelkje Tuma (Mem 3)

logo.ensafh

Paadwizer fan Eelkje Tuma is in boek yn in boek. De Nederlânske Marike is op reis nei Noard-Sweden om yn de kunde te kommen mei Linn Mattson, de auteur fan de roman ‘Tur’ (Tur betsjut reis), dy’t sy oan it oersetten is. Se komt de mem fan de skriuwster daliks al yn de trein tsjin, sûnder dat se dat wit.

De frou by it rút die har oan har eigen mem tinken, se hie wat hippy-achtichs.

Dat tinkt Marike en dat is no krekt har probleem en de frou yn de trein, Nelly, rûkt dat op in kilometer ôfstân. Nelly soarget derfoar dat Marike Linn Mattson net samar te pakken krijt.… Lês fierder

Elmar Kuiper

Aarhus, diel twa

logo.ensafh

Aarhus, stêd yn ’e mûle fan de rivier, dêr’t Vikingen húsmannen. De Denen hjoed-de-dei prate mei in hite earappel yn ’e kiel. Stêd ek dy’t kultuer en klasse útazemet. Se hawwe hjir in bibleteek oan ’e râne fan de stêd, dêr’tst dy noflik deljaan kinst yn in grutte giele setel, mei útsjoch oer de haven en see. Hjir binne iepen plakken, tsjotterje mosken as ripe dichters, kleie mokken om in mûlryp wurd. Dizze stêd doart in grutte finger op te stekken. Hjir fynst gjin grize, stive doaze fan Bonnema of sa’n misbaksel fan Hubert Jan Henket, mei syn museum op it Saailân, dat der by stiet as in bodybuilder yn in te krap jaske.… Lês fierder