Syds Wiersma

A child is born

logo.ensafh

Dichters Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal en Syds Wiersma sille op útnûging fan it Aarhus Litteraturcenter yn maart in wike tahâlde yn Denemarken. De Fryske dichters binne fan plan om mei fjouwer Deenske fakgenoaten te wurkjen oan in twatalige dichtbondel en sille in oantal optredens jaan yn Aarhus en Kopenhagen.

Dei 1 yn Aarhus, 12 maart 2019

Der binne fan dy dagen dan liket de tiid rekber. Jo falle fan it iene yn it oare en geandewei begjint sa’n rige mominten te fielen as in stream en fernimst dat de tiid op ’e doele rekket yn ’e dei.… Lês fierder

Greet Andringa

Deade linen en sjips foar de siele

logo.ensafh

Ik ha juster in skop ûnder de kont hân. Eins wie it earder in freonlike yn-it-sin-bringer (net de earste). Noch earliker sein wie it in advys: lit wat fan dy hearre, minsken krije, drok as net drok mei oare saken, hieltyd minder begryp foar dyn stilte.

En ik baal dêr fan. Net fan de yrritaasje, want se hawwe gelyk. Ik wist al skoften dat ik op de list stie om wer ris in kollum te skriuwen. En ik wie it ek wier fan plan, ik hie sels in hurde tasizzing dien dat dy der ferline wike wêze soe. Mar ik doch it net.… Lês fierder

Jelma Knol

De terreur fan it skoalplein (Mem 2)

logo.ensafh

Oar plak oare tiid (2004) fan Jetske Bilker giet in pear stappen fierder as Fragmint fan Margryt Poortstra. Swaantsje Nammensma fertelt it ferhaal yn de ik-foarm en de lêzer befynt him fuort yn it begjin fan it boek al yn in komyske sêne dy’t yn De Luizenmoeder net misstien hie. Swaantsje is fergetten dat soantsje Jesse dyselde middei ferklaaid as fûgel nei skoalle ta soe en wurdt dêr op it skoalplein keihurd mei konfrontearre. Der wurdt gau in snie-ûlepak ymprovisearre foar Jesse, mar elkenien sjocht fansels dat de wite wjukken alris earder brûkt binne.

Noch foar’t Swaan op in brulloft de Mr.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Netflix-searje yn boekfoarm

logo.ensafh

Willem Schoorstra hat foar dit jier it Fryske kadoboek mei de titel Rosmos skreaun. Suver elkenien ken Schoorstra fan syn histoaryske romans oer de lêste Fryske kening (Rêdbâd) en Grutte Pier (Pier) en foar syn lêste roman De nacht fan Mare hat er de Rink van der Veldepriis wûn. En oars is de namme grif bekend as kollumnist by de Omrop; alle tiisdeitemoarnen is de skriuwer fia de radio te hearren.

Schoorstra hat mei Rosmos in flot en retespannend boekwurkje skreaun dat men yn ien sike útlêst. De lêzer falt fan it iene foarfal yn it oare, ferfele docht it boek sadwaande nea.… Lês fierder

Marcel Plaatsman

In stêd op in A4’ke

logo.ensafh

Dizze moanne sil ik nei Boedapest ta. Net iens foar it earst, ik haw der al twa kear west en it kin samar dat ik dêr noch wol in fjirde kear kom ek. It is wol in noflike stêd, fyn ik. Fan Boedapest leau ik eins wol, dat ik it sels betocht hawwe koe.

De plattegrûn fan Boedapest kin ik sa úttekenje. In A4’ke, steand. Boppe de helte in grutte blauwe streep en efkes heger noch ien, dat sil de Donau wêze. Dêrboppe as in soartemint fuotbalskoech, de âlde stêd fan Boeda, de noas dêrfan lofts. Dêr’t de bal wêze moat, de grutte griene smet dy’t fan Gellérthegy hjit, in park op ’e kluft of in bosk eins.… Lês fierder

Douwe Kootstra

Provinsje: Foar in dûbeltsje op de earste rang

logo.ensafh

Kollum útsprutsen foar ‘Polityk moetet literatuer’ op 14 febrewaris 2019 yn Tresoar

Dêr sitte wy dan wer, it espeltsje usual old Frisian cultural suspects, krekt as fjouwer jier lyn, op itselde plak. Wat wie ’t doe in fleurige jûn. Ja, gesellich, mar fierder in winterjûnenochtfoarstelling dy’t yn de resinsjes mei muoite ien stjerke helle. Allegear o sa leaf foar elkoar, doe, dy akteurs, benammen neat sizze, mar boppe al dy optimistise listlûkers – want zetelwinst! zetelwinst! – seach ik skiere wolkjes hingjen mei twa dúdlike teksten, ôfhinklik fan de grutte fan de partij. Earste tekst: ‘Mei ik asjeblyft ek ris meidwaan?’,… Lês fierder