Lomme Schokker

De twadde wet fan Sibrand Swart. In krystferhaal

logo.ensafh

Lesjaan begjint mei it ferhaal fan de learaar. Dat is de earste wet fan Sibrand Swart, dosint Frysk, yn it wolnimmen. Op de kweek doetiids hjitte de wet sjesa dat lesjaan begjint mei it ferhaal fan de learling. Haha. Och, hoe nommel, och, hoe moai. Ik stean blinders al fjirtich jier foar de klasse, basis en middelber byinoar opteld, ik haw njonkelytsen myn eigen wetten definiearre om my tsjin it rosmos oer steande te hâlden.

Lit ik my mar net al te bekend meitsje, jo hawwe de namme, dat moat genôch wêze. Ik sit moai net op Facebook, myn leafste learlingen sille dizze betûfte learaar net molestearje mei harren ûnferhoalen stikelstekken en it moarch út de bonken heljend treiterjen en terreur.… Lês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 6, 2018

logo.ensafh

 

Redaksjoneel

It geheim fan Fryslân

Op ’e webside fan Ensafh stie fan ’t hjerst in oprop om ferhalen en essees te skriuwen foar it lêste Ensafh-nûmer fan dit jier:

‘It lêste Ensafh-nûmer fan 2018 sil wijd wêze oan it Fryske proaza, mei dêryn ferheljend proaza, besprekken en essees.
Wy sille dat nûmer de titel ‘It geheim fan Fryslân’ meijaan. Wy referearje dêrmei oan it feit dat Fryske romans en ferhalebondels hieltyd minder lêzen wurde. De Fryske lêskultuer stiet ûnder druk. It Frysk proaza wurdt sa stadichoan in geheim.
Wy nûgje proazaskriuwers en wa’t de ambysje hat om ferhalen te skriuwen út om wurk foar dat nûmer yn te stjoeren.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Krystleafde

logo.ensafh

Der wiene noch krekt twa plakjes frij yn de stiltekûpee. Dat rotterige plak foaryn, dêr’t sels in lyts frommes as ik de fuotten net kwyt kin. En dêr’t je ingtefrees krije troch dat grutte wite lewant deun foar je noas. Mar ik siet droech en waarm en ik sette de tasse mei kadootsjes njonken my op ’e stoel. Der wie oars gjin plak foar.
Ik hearde drokte efter my. Twa froulju besochten tagelyk ús kûpee yn te kommen. De trein wie fol en se woene beide de stoel njonken my ynnimme. De Blonde hie lange earms en treau de oare oan ’e kant, raamde myn tas de stoel út en plofte gau del.… Lês fierder

Henk van der Veer

De Krinkjespuiers

logo.ensafh

 

ut harde leven fan bealegen en werken
foar ut dageleks broad met boaterhamwurst
hewwe de mannen al un moai skoftke achter hun laten
wat bliëft is ut sabeare krinkjespuien
op un noflek roestfrij stalen designbankje
in de skadúw fan ‘e klokkestoël bij de Groate Kerk

intussen fliegt de tiid fliegensfluch foarbij
is ut al feul later as de ouwe mannen denke
mar wie maakt um nou druk over foarbije dagen
sulang’t Dirk S. Donker – de stadbeiaardier-
ut karreljon in de koepel bespeult
de wizers skokkerech traach hun gang gaan… Lês fierder

Gerda Tolk, Sipke de Schiffart

In leafde sûnder ein

logo.ensafh

Gerda Tolk lêst it ferhaal ‘In leafde sûnder ein’ foar, dat skreaun is troch Sipke de Schiffart. It ferhaal is basearre op har eigen biografy. Jo kinne it neilêze yn ensafh nû. 6, jiergong 2018. De gearwurking tusken frou Tolk en De Schiffart kaam ta stân yn it ramt fan it projekt ‘Spijtproza’ fan Explore Tne North 2018.

https://www.youtube.com/watch?v=Xb71l1R21Hs… Lês fierder

Martsje de Jong

Besprek Swarte Swan, Gideon Samson / oersetting: Geart Tigchelaar

logo.ensafh

Foar pubers wurdt ornaris net in soad Frysk skreaun. It argumint lit him riede: se lêze leafst neat oars as koarte berjochten op sosjale media, of hingje ûnderút foar Netflix. Dêrmei pleitsje útjouwers harsels frij en begjinne skriuwers as it treft net iens oan in boek foar de dreechst te begripen kategory bern dy’t der is. Mar wat der net is, kin ek net lêzen wurde. It feit dat der sûnt 1999 mar tsien (!) orizjinele Fryske boeken skreaun binne foar de bern yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis, wêrfan de helte fan de hân fan Hanneke de Jong, seit genôch.… Lês fierder