Cornelis van der Wal

Mingd nijs (8): Biten & Brokken

logo.ensafh

Nee, ik neam mar gjin nammen, mar it foel my lêst op dat guon dichters en sjoernalisten út Fryslân it earste eksimplaar fan harren nije boek oanbean hawwe oan ús kommissaris fan de kening (dêr hast him wer) Arno Brok. No ken ik de bêste man net sa goed, mar ik leau oars net dat er in grut kenner is fan de Fryske poëzy. It is nammers net ûngebrûklik dat in provinsjaal bestjoerder him as har lient foar sa’n putsje, mar it giet dan meast om de deputearre fan kultuer. Wêrom soe in dichter Kommissaris Brok no eins foar soks freegje?… Lês fierder

Henk Nijp

Novimber

logo.ensafh

 

 

 

Wolken giselje troch neakene tûken
wyn tamtearret greiden ta sodzige sompen
reaget blêden op rudige rêgen

Protters boskje yn kloften
stekke as derwisjen dûnsjend
mei ‘t poalljocht de draak

Skrouske walen fermomje
geaen en fjilden yn nearzige iggen
dêr’t it bloed yn ieren ferklommet

It eazet derhinne, al wiken
diken en ekers strûpe derûnder
it stjonkt nei bedjer en ferrotting

Swammen welje as swolmen
absessen nimme besit fan it mosk,
‘t bosk himet as ‘n âld hynder

Buorrens en flekken ferflokke de kjeld
dy ‘t lûkt troch moarch en bonken
koalige stâlen ferwurde ta snottige stronken

De ierde ferstjert en fersûpt
yn weagen fan dampige dridze
smoart yn har smûgende longen

Hjir helpt gjin gjalp nei de himel
mei knibbels op in wreed kleed
of gesang mei gebed sûnder ein

It is no inkeld mar wachtsjen,
jachtsje nei sinnewyn of it hillige fjoer
is folslein om ‘e nocht

 

 … Lês fierder

Dré Siderius

sterke bisten kenne faak gjin genede 

logo.ensafh

 

 

 

sterke bisten kenne faak gjin genede 
se ite op it lêst har âlden op 
 
ik wie lyts  
ik moast har ûnmacht hiel meitsje 
 
it is gjin skande om te mislearjen 
wol om it net te besykjen  
sei de pake fan ien dy’t it witte kin 
 
wat sil dit liif no noch  
as my drage troch de hjerst  
om úteinlik te sliepwanneljen  
troch taalgloppen 
ienris fan har 
 
dêr glydt it flot al mei de bier  
baarnend de rivier ôf 
 … Lês fierder

Anne Feddema

Sie haben einen schönen Rücken

logo.ensafh

Begjin novimber wie ik foar it earst yn goed alve jier wer yn Berlyn, de stêd dêr’t ik yn 2011-2012 wenne. Ik kin eins net útlizze wêrom’t ik der sa’n skoft net west haw, ik bedoel, it is in stêd dêr’t ik fan hâld en dan soene je sizze dat je der sa faak as mooglik hinne wolle, sa as mei in grutte leafde dy’t him of har yn ien of oar plak, net neist de doar, ophâldt. Mar ja, sa as Willem Elsschot al sei yn it Flaamskfrysk: tusken dream en die stean wetten en praktyske beswieren.
Wêrom’t ik dan no wol gong?… Lês fierder

Lomme Schokker

In fol pak sûpe en in kotter op it strân

logo.ensafh

By amper skodde sûpe is it earste slokje gjin drinken. Hasto it ek murken dat wy tsjintwurdich ekstra war dwaan moatte om in noch fol pak sûpe goed genôch te skodzjen? Om kosten te besparjen hawwe de grutwinkelbedriuwen blykber de suvelpakken in heale sintimeter of sa lytser meitsje litten, want de mingelen sûpe sit oan it rantsje fan it draaidopke ta. Der is gewoanwei net genôch romte om effektyf te skodzjen.
Foar de Oekraïnekrisis wie it in kwestje fan in pear kear sleau hinne-en-werje en klear wie it, no moat ik alle moarns in pak sa’n tsien tellen bar om bar rjochtoerein en ûndersteboppe yngeand op-en-delje om by de earste snjit de krekte konsistinsje te krijen.… Lês fierder