Piter Boersma

Molwrot 23

logo.ensafh

Feuilleton

23

De taksysjauffeur seach in bytsje fersteurd doe’t Seleina him oanspruts, krekt as helle se him earne út wei. Hy hie him deljûn op ’e Ahu oan ’e foet fan de iennichste mo-ai yn de rige mei in pukao op. Se komplimintearre him mei it trommeljen en begûn doe oer de fûgelmankultus. Se sei, dat se it spitich fûn dat dy net mear bestie, want dan hie se sjen kinnen hoe’t er as earste mei in fûgel yn ’e hân boppeoan de klif by Orongo ferskynde.
De taksysjauffeur seach har wantrouwich oan.
‘Ik ha dy in pear dagen lyn út dyn taksy stappen sjoen,’ sei se.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 21 en 22

logo.ensafh

Feuilleton

21

No’t Paul der ek wie, bestelden se nochris in Pisco Sour, de ynlânske cocktail.
As foargerjocht keazen se sileenske sop mei kabeljau en kokkels, moksels, krab, garnalen en coquilles en as haadgerjocht tonyn, de eksoatyske kana kana en in skaaltsje mei seefruchten. Se namen der de wite wyn by dy’t Paul dêr al earder dronken hie.
‘Dat wy no fisk ite sille op Peaske-eilân, dat harmoniearret, dat is moai,’ sei Paul Mols, ‘mar oars, ik swar by heterogeen en by dissonant. De Midden-Europeeske Mahler spylje op Peaske-eilân en it ûnder it iten fan fisk hawwe oer Mahler neam ik heterogeen.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (20)

logo.ensafh

Feuilleton

20

Se hiene har krekt yn de keamer fan it pensjon ynstallearre doe’t Seleina har telefoan gong. It wie Pedro Vidal.
‘Der binne trije man ûnderweis. It is hjir no tolve oere. Se binne in healoere ûnderweis, dat se binne der om healwei fjouweren hinne. Op it fleanfjild is ek alles regele.’
‘Ynoarder. Tanke, Pedro.’
‘As dyn fakânsje der op sit, bleau dan noch in pear nachten yn Santiago.’
‘Ik ha Alexander wol by my, mar it moat te regeljen wêze.’
‘Moai.’
Seleina fertelde Alexander hoe’t it der foar stie.
‘Wa is Pedro Vidal eins?’
‘Hy hat in hege funksje op it ministearje fan definsje.’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (19)

logo.ensafh

Feuilleton

19

Se fytsten oer in paad midden oer it eilân nei de Rano Raraku ta. It gong op en del, mar op ’e mountainbikes wie it prima te dwaan. Yn it begjin kamen se se noch greide en boulân tsjin, mar dêrnei wie it meast wyldlân. Benammen op legerlizzende plakken groeiden espeltsjes palmbeammen en wie der lege begroeiïng, mar fierders rieden se troch in alfolle keal gebiet mei grien gers en rûchte, dêr’t de rotsgrûn rûnom yn gruttere en lytsere meast ôfflakke bulten en bultsjes trochhinne stuts. It waaide flink. Doe’t se by de fulkaan wiene hâlden se it paad nei rjochts oan dat nei it fynplak fan withoefolle mo-ai’s rûn.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (18)

logo.ensafh

Feuilleton

18

By it delkommen hie Seleina even sicht op it eilân. Moai, dy grutter wurdende langwerpige, ûnregelmjittige, donkergrize flek yn de oseaan mei de wite râne fan ’e brâning, keale rotsen, brune, gielige en griene stikken, de kontoeren fan fulkanen, hjir en dêr beammen, de rotsige kustline, stikjes strân, diken, de stêd, it fleanfjild.
Alexander bûgde him foar har lâns om der ek in glimp fan op te fangen.
Se sei: ‘Ik wol ien fan ’e kommende dagen op it ynternet it reisferslach fan Jacob Roggeveen opsykje. Dat liket my nijsgjirrich.’
‘De ûntdekker fan it eilân, in Nederlanner, ik ha it lêzen,’ sei er.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (17)

logo.ensafh

Feuilleton

17

‘Ik wol Paul eins freegje oft er ek in boek oer Mahler by him hat dêr’t ik gau wat essinsjele ynformaasje oer him yn fine kin,’ sei Alexander.
‘Dat dy Paul mei teksten fan Alma Mahler oansetten kaam,’ sei Seleina, ‘ik woe der net daliks tsjin him oer begjinne, mar it skynt dat fan it byld dat sy fan Mahler ophinget net folle kloppet.’
Noch krekt foar’t se opstiigden brocht Alexander it programma nei Paul Mols werom.
‘Seleina fernuvere har der oer datst ús útlittingen fan syn frou Alma lêze lietst,’ sei Alexander, ‘Alma soe in folslein fertekene byld fan har man jûn ha.’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (16)

logo.ensafh

feuilleton

16

Se fleagen boppe de Atlantyske Oseaan. Seleina sliepte. Alexander Boban seach nei bûten nei de blauwe loft en de wolken yn ’e djipte. Hy fielde him los fan alles en dat brocht him werom nei in momint út syn jeugd. Hy wie santjin en kuiere mei Dubravka, in famke út it doarp, de greiden del dy’t ôfrûnen nei de rivier. It wie in simmerdei.
‘Wy wurde fêst neisjoen,’ sei Dubravka.
‘Dan moatst dyn rêch noch rjochter hâlde,’ sei er.
‘Ik sjoch spoeken,’ sei se, ‘Janko sil it net akseptearje dat ik mei dy gean en net mei him.’
‘Wy sjogge wol.’… Lês fierder