André Looijenga

Onderhodende horror út de Woden

logo.ensafh

Ynienen wiene der fan ’t hjerst de stickers. Op Ljouwerter lantearnepeallen en jiskebakken seachst dy oranje moannen mei it profyl fan in gûlende wolf. It Beest fan de Westereen kaam deroan.

Fryske horror, djip út ’e dûnkere Wâlden, bluodderich en blastich. Jo resensint lies dizze roman op in tsjustere hjerstjûn, yn de trein nei Grins, dy’t by in ferlitten Kûkherne lâns gisele. Krekt dêr, op in sodzige kemping op Kûkherne, spilet ien fan de aaklike kaaisênes fan It Beest him ôf.

Ate Grypstra (*1973) syn Beest fan de Westereen is in boek dat him op minstens trije nivo’s lêze lit. Foar de ien is it moai grouwélich horrorferhaal.… Lês fierder

Pier Paolo Pasolini, André Looijenga

Pier Paolo Pasolini – David (fiif kear)

logo.ensafh

Pasolini (1922-1975) skreau yn syn jeugd, yn en nei de oarloch, yn it Furlan, de Noardeast-Italjaanske streektaal fan syn mem. Yn 1954 brocht hy in bondel út fan syn Furlan poëzij, La meglio gioventù (De bettere jeugd). Dêryn stiet it ûndersteande fers yn it earste skift, ‘Poesie a Casarsa (1941-1943)’. Faaks jouwe dy jiertallen it momint fan ûnstean fan dit fers oan.

David

Hingjend tsjin’e put, earme jonge,
draaisto nei my dyn leave holle
mei in fette glim yn ’e eagen.

Do bist, David, lykas in bolle op in dei yn april
dy’t yn ’e hannen fan in bern dat laket
swietwei rint nei de dea.… Lês fierder

André Looijenga

Kulturele Haadstêd: it echte ferhaal

logo.ensafh

Der binne krinkjespuiers, en der binne jittikmigers, en der binne dy’t gewoan nocht hawwe oan ûnnocht. Mar it idee om Ljouwert yn 2018 ‘Kulturele Haadstêd fan Europa’ wurde te litten is op himsels dochs prachtich. Ljouwert, en Fryslân, ris in kear goed ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen… Ris in kear? As European Capital of Culture binne jo fersekere fan in desennium lang Europa-wide exposure. Ljouwert en Fryslân wurde sa einlings wer yntekene op de mentale kaart fan Europa!

Fearten, kanalen en grêften kronkelje har in wei, út alle hoeken fan Fryslân, de stêd Ljouwert yn. De ien sjocht faaks earder de brêgen dy’t simmerdeis hieltyd iepen stean, mar dizze wetterwegen binne tagelyk ieren dy’t stêd en plattelân ferbine.… Lês fierder

André Looijenga

Berneboeken, blinder!

logo.ensafh

Tiisdeitejûn wie ik yn Drachten, yn it boppesealtsje fan de ‘Belibbibleteek’ (of hoe’t se dêr dy ynstelling ek neame). Hawar, dêr haw ik in bêste Sirkwy-lêzing beharke fan Sigrid Kingma. Hja hold in besteklik en ynspirearjend ferhaal oer it Fryske berneboek yn de lêste foech tweintich jier. Hja joech in moai oersjoch fan wat der allegear wol net bart en útkomt oan Fryske berneboekeskriuwerij, statistysk kreas ûndersifere. De ynhâldlike trends yn dit ferskaat oan boeken (wy hawwe it dan oer hast fiifhûndert!) hie se it net in soad oer. Wol oer hoe’t Fryske berneboeken (al as net) bý Fryske bern komme.

Lês fierder
André Looijenga

Frýsk Frysk

logo.ensafh

It wie in klomske middei yn ’e Broeretsjerke. Simson (Albert Bonnema) joech him del op ’e skerte fan Delila (Anitra Jellema), dy’t him fluensk troch de hierren striek. Treflik artikulearjend spriek hja him ta: ‘Hast toarst? dyn mûle is droech fan alle praat, / ik helje in koele tooch dy út ’e saad, / en dan te rêst – dû bist der sa oan ta – / strak sil ús leafde in nije heechtiid ha.’

Fedde Schurer syn Simson wurke op toaniel! It bibelsk drama, it opera-eftige (méi tanksij stikjes Saint-Saëns), de statyske ûnbidigens, de hege taal… it wurke allegearre, en wurke boppedat yn it Frysk.… Lês fierder

André Looijenga

Puber yn it poaliis

logo.ensafh

Durk van der Ploeg syn resintste histoaryske roman, De kjeld fan it noarden (2010), is it ferslach fan in heroyske reis oer de iisflakten fan Grienlân, en tagelyk in boek oer in puberjonge dy’t omrint mei in beskamsum geheim. It is de skriuwer slagge om de twa syktochten, de iene yn in rûge, kâlde bûtenwrâld nei in feilige thúsreis, de oare yn de haadpersoan syn fertizende binnenwrâld ta in boeiende ienheid te kombinearjen. De kjeld fan it noarden is boppedat in boek dat uterlik tige goed fersoarge is.

It histoaryske ferhaal dêr’t De kjeld fan it noarden oer giet, is dat fan ’e reis fan de Harlingen.… Lês fierder

Durk van der Ploeg, André Looijenga

Exegese

logo.ensafh

Alle treinen ride nei in front.
Alle keningen wenje yn ballingskip.

De wegen wech ende wear
Iepenskuord fan it ljocht
Lizze fol drimpels en deaden.

En oer de heuvels iepen en leech,
Warleas it wrein en it wouter,
Dûnkere kloft fan tûzen soldaten,
Dutsen ûnder it izeren heil
Fan de hillige helm.

Hja wenje op pleinen fan ferwoasting
Rêste yn roast en rein
En wanne de wrâld mei it wapen.

Alle keningen wenje yn ballingskip.
Alle treinen ride nei in front.

Durk van der Ploeg

Harkje nei de foardracht fan André Looijenga… Lês fierder