Skermer

Wêr’t ik stean

logo.ensafh

Wêr’t ik stean

Net midden op ’e dyk, net midden op ’e reels.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear.
Net yn legerskuon, net op in bermbom.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear..
Net yn in sompe, net yn driuwsân.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear.
Net yn it skaad, net yn it tsjuster.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear.
Net op ’e râne.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear.
Op in skiterich stânpunt.
Dêr wol ik ôf.
Op in sentiminteel stânpunt.… Lês fierder

Skermer

Wêr’t ik stean

logo.ensafh

Wêr’t ik stean

Net midden op ’e dyk, net midden op ’e reels.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear.
Net yn legerskuon, net op in bermbom.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear..
Net yn in sompe, net yn driuwsân.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear.
Net yn it skaad, net yn it tsjuster.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear.
Net op ’e râne.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear.
Op in skiterich stânpunt.
Dêr wol ik ôf.
Op in sentiminteel stânpunt.… Lês fierder

Skermer

Poetinlân – de wrâld

logo.ensafh

Ruslân hat oan tûzenen en tûzenen de frijheid jûn.

Dêr’t it jild ryklik streamt, dûkt ier of let net te kearen ek de keunst op.

Prachtich! Se sille it har noch lang yn ’t sin bringe.

Sûnt fan ’e wike hat Moskou in prachtige nije eksposysjeromte foar moderne keunst, yn in renovearre busterminal, dy’t yn ’e jierren tweintich ûntwurpen is troch de avant-garde-arsjitekt Konstantin Melnikov.

Mar ik luts myn besgroen út

Op ’e sjampanjeresepsje der’t de ûnbidige keunsthal mei iepene waard, sit it ferneamd keunstnersechtpear Ilja en Emilia Kabakov ien en mien nêst Daria Zjoekova (26) – telch út in ryk Russysk geslacht, earder fotomodel, moadeûntwerpster, en freondin fan multimiljardêr Roman Abramovitsj.… Lês fierder

Skermer

Dêr giet it om

logo.ensafh

‘Mei dwaande te wêzen kin men gjin master fan ’e wrâld wurde.’ It stiet yn de Tau Teh Tsjing fan Lau-Tze.

Henry D. Thoreau skreau yn ‘Walden’: ‘Ik hald fan in brede boartersromte yn myn libben. Soms sit ik op in simmermoarn, nei’t ik earst in bad nommen ha, fan it opkkommen fan ’e sinne oant de middei yn myn sinnige doarsgat, ferdjippe yn dreamerij, yn fredige , mids sumaks en dinne- en nutebeammen wylst de fûgels om my hinne songen of stil troch it hûs fleagen … Ik woeks op sokke mominten as maïs yn ’e nacht, en se wiene folle better as watfoar hânwurk dan ek west hawwe soe.… Lês fierder

Skermer

Ierappelbarbaar

logo.ensafh

Ik mei graach ierappels, mar ik bin gjin kenner, it wiere omtinken ûntbrekt my. Ik ferbou oars wol altyd in nustje, mar op ’t stuit dat ik se set bin ik al fergetten fan hokker ras as se binne, dêrom bewarje ik altyd it labeltsje dat oan it sekje mei poaters sit. Fan wat ik ferbou kinne wy inkele wiken ite.
Ik stopje oars net sa mar wat yn ’e grûn. Wy hâlde fan ierappels dy’t ûnder it sieden net utinoarfalle, benammen foar myn frou is dat in hurd kritearium.
Ik keapje myn poaters by ‘Welkoop’. Dy hat in briefke dêr’t de rassen dy’t se ferkeapje op stean mei in tabel mei de eigenskippen fan elk: al of net resistint tsjin ierappelwurgens, hoe betiid kinne se dold wurde, de kleur fan ’e skyl, geskikt foar klaai of sân, opbringst, wat is de kâns op skimmel yn it lof of de knol, goed of net goed te bewarjen, wat bart der mei by it sieden.… Lês fierder

Skermer

Frysk festival

logo.ensafh

It programmaboekje fan it Frysk festival 2008 is op in heale side Frysk (en in heale side Ingelsk) nei folslein yn it Nederlânsk steld, sels it berjocht oan ’e befolking: Bericht aan de bevolking.
Doe’t ik yndertiid hearde dat it tema fan it festival ‘de gemeenschap’ wurde soe waard ik al daliks wurch, want hoe soe dat oait in fris ferhaal opleverje kinne? It ‘Bericht aan de bevolking’ stelt my mei syn ellindich folderpraat hielendal yn it gelyk: ‘Het festival heeft als thema ‘de gemeenschap’, Over hoe we kunnen samenleven, hoe we onze waarden en gewoantes moeten koesteren, over hoe je als individu in een groep staat en hoe je te verhouden tegenover alles wat buiten de gemeenschap staat.’… Lês fierder

Skermer

Treffers

logo.ensafh

Anne Feddema hat it gedicht ‘Mozart op wei nei Praach’ skreaun, dêr’t de klam yn lein wurdt op it healwiis en luftich praat dêr’t Wolfgang (‘Wolfi’) en syn frou Constanze tsjustere wolken en (yn dat gefal syn frou) Mozart syn mankelike buien mei fuortpoetse. Sa as sa faak lit Anne Feddema him sawol by syn literêr as byldzjend wurk ynspirearje troch literatuer en keunst fan oaren. Foar ‘Mozart op wei nei Praach’ is dat de novelle ‘Mozart auf der Reise nach Prag’ fan Eduard Mörike út 1855. Wat Feddema op eigen ûnneifolgbere en absurdistyske wize útbyldet, set Mörike net minder skerp mar boartlik en mei in mear romantyske ynstek foar de lêzer del.… Lês fierder