Hedwig Terpstra

Petear mei Pier Boorsma

logo.ensafh

Pier Boorsma (Snits, 1944) studearre filosofy oan de universiteit fan Amsterdam. Yn 1969 rjochte er mei Pieter de Groot en Johan Frieswyk it kwartaalblêd Sonde op. Yn 1989 ferhuze er nei Grins en studearre dêr Frysk oan de RUG. Pier wie ien fan de gearstallers fan de twatalige blomlêzing Spegel fan de Fryske poëzij (1994, twadde ferzje 2008). Hy hat resinsint west foar it Frysk deiblêd. Hy skreau trije dichtbondels: De neidagen fan in keamerhear (1972), Under frjemde wetten (1978) en Net allinne genôch (2005). Hy wûn fiif kear de Rely Jorritsmapriis foar gedichten. Yn 2010 stelde er de brosjuere Kulturele autonomy yn Fryslân gear, in oersetting fan teksten fan Maarten Mourik en Will Kymlicka.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Margryt Poortstra

logo.ensafh

Margryt Poortstra (Harns, 1953) hat al tolve proazatitels op har namme stean, wêrûnder Kâldfjoer (2002), Suster (2004) en Minskebern (2008). Kofje ferkeard (2011) is har lêste boek, in ferhalebondel. Se hat ek berneboeken, poëzij, twa musicals en fjouwer oratoaria skreaun. Se krige ferskate kearen de Rely Jorritsmapriis en yn 1989 de Afûk jubileumpriis foar it manuskript Tolve huzen op it dak. Margryt siket har ûnderwerpen tichtby, yn de omgong tusken minsken, yn de relaasje tusken man en frou en tusken âlden en bern. Froulju binne faak sintrale figueren yn har wurk. Se wennet mei har man yn Seewolde, Flevolân.

Hoe bist hjir yn de polder terjochte kaam en hoe foldocht it dy hjir?Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Auck Peanstra

logo.ensafh

Se hat al sa’n tritich jeugd- en berneboeken op har namme stean: Auck Peanstra (Aukje Hoogland-Peenstra, 1954). Dêrneist skriuwt se toanielstikken, gedichten en romans. Yn 2002 kaam har earste roman ‘Elske din Datter’ út. En yn 2007: ‘Sitebuorren, myn eigen paradys’, in roman oer it plak dêr’t se opgroeide, in pleats op in eilân by Grou. Yn 2011 ferskynde ‘Skamte’, oer in opgroeiend famke dat de hûdsykte psoriasis krijt en dêr net goed mei omgean kin. Se is mei-auteur fan Studio F, de learmetoade Frysk foar it basisûnderwiis, en mei-skriuwster fan de Tomke-ferhalen foar pjutten. Yn 1998 wûn se de Simke Kloostermanpriis en yn 2008 de Rink van der Veldepriis.Lês fierder

Hedwig Terpstra

NNB – Frysktalige punkrock mei folkynfloeden

logo.ensafh

Gosse-Pieter de Vries:‘Frysk bekt lekker’

Bjusterbaarlik hurd” hjit de twadde CD fan de Fryske band NNB. De band is oarspronklik ôfkomstich út Dronryp, oprjochte yn 2007 troch Gosse-Pieter de Vries (sang, bas), Brend Kingma (drums, sang) en Wilco Kingma (gitaar, sang). De nije CD mei 24 nûmers is op 9 april útkaam by Marista Records. De teksten binne allegear yn it Frysk. Inkelde titels binne: ‘Heitelân’, ‘Grutte Pier’, ‘Leaver dea as slaef’ en ‘Spoekrider fan ’e klaai’. De CD is opnommen yn de nije Key Productions studio yn Akkrum, dêr’t sjonger Gosse-Pieter wurket as technikus. Yn de lounge fan de studio hâlde we it fraachpetear.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Nyk de Vries

logo.ensafh

Nyk de Vries (1971) hold tiisdei 27 febrewaris de lêzing ‘Raffelich realisme’ yn de biblioteek fan Snits. Dit wie de lêste lêzing yn it ramt fan de Literêre Fjouwerstêdetocht, dêr’t ek André Looijenga, Greet Andringa en Sigrid Kingma oan meidienen. Nyk is oarspronklik ôfkomstich út Noardburgum en wennet no mei syn freondinne en pasberne soantsje Rijk Fokke (17 jannewaris 2012) yn Amsterdam. Hy hat krekt in nije Nederlânsktalich bondel út: ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’. Earder skreau er de roman ‘Rezineknyn’, de bondel ‘Motorman’ en de roman ‘Prospero’. Hy skriuwt proazagedichten en publisearret dy geregeld by ensafh. Nyk skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.Lês fierder

Hedwig Terpstra

‘Snipperdei’ yn Húns

logo.ensafh

‘Snipperdei’, in blijspul yn twa bedriuwen, waard 23 en 24 maart opfierd yn De Murdhoun yn Húns troch toanielferiening De Takomst fan Húns/Leons. Oene Spoelstra hat it stik skreaun yn 1976 en it is al meardere kearen opfierd. Hy krige yn itselde jier ek de provinsjale toanielpriis foar it stik. It aparte oan ‘Snipperdei’ is dat de sênes troch inoar smiten binne. Spoelstra fûn it oarspronklike stik dat er skreaun hie net spannend genôch en besleat de folchoarder fan de sênes te feroarjen.

Elmar Kuiper (rjochts), foarsitter fan toanielferiening De Takomst, regisseur Thomas Bijlsma en ynstekster Francien de Vries

It ferhaal fan ‘Snipperdei’ giet sa.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Ate Grijpstra: ‘It beest fan de Westereen’

logo.ensafh

Ate Grijpstra is op 5 maart 1973 berne yn Noardburgum, hat in pear jier yn Koatstertille wenne en is op syn sânde nei De Westereen ferhuze. Hy hat Ingelsk en Frysk studearre yn Grins en jout les op It Beyers Naudé Gymnasium yn Ljouwert. Mei frou Bertina en harren trije bern wennet er no yn Bûtenpost. Yn 2006 debutearre er mei in koart ferhaal yn Hjir. Yn april 2008 kaam syn jeugdferhaleboek, ‘Heftich’, út, dat him de Bongelboekepriis fan de NHL oplevere. Yn 2010 folgen de berneboeken ‘Rinze hat de hik’ en ‘Tsjang tsjin tiid’. Yn septimber ferline jier kaam ‘It beest fan de Westereen’ út by de Afûk.Lês fierder