Geart Tigchelaar

De Sealterske Rely

logo.ensafh

Ofrûne wike haw ik wer in pear dagen te fytsen west. Ditkear mei de faam nei Sealterlân. Mei’t wy beide ynteressearre binne yn it Frysk en meartaligens en beide noch nea yn Sealterlân west hienen, waard it dus tiid en gean dêr ris hinne.

Tafallich dat wy hoholden by in Tankstelle yn Skäddel/Scharrel mei’t ik nei it húske moast en de faam bûtendoar ûndersteande poster seach. It die ús tinken oan de Sealterske Rely. Utskreaun troch de Seelter Buund dy’t syn sit hat yn Friesoythe. Dêr hawwe wy lykwols net west, en op ynternet is der suver neat oer te finen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Johnny Boy

logo.ensafh

Hy skôget troch it feale rút de strakblauwe loft dêr’t nea net ris in wolkje trochhinne glidet. In fêste konstante, sa’t alles tsjintwurdich konstant is. Like bewegingsleas as de Mediterraanske See dêr’t er alle dagen wer op útsjocht.
Syn lofterhân giet omheech om’t er in haal oan syn sigaret dwaan wol as er him betinkt dat er yn dy hân it bierfleske hâldt. Normaliter hat er it oarsom. Mei bleate fuotten stiet er op it swilk. Hy hat oars net oan as syn slopwosken grauwe himd en koarte blokjespiamabroek. De radiator gûnzet om it appartemintsje te foljen mei waarmte sadat syn Spaanske bloed net noch mear ôfkuollet.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

de kapsters fan ’e âlde lts oan de nijlânsdyk

logo.ensafh

tusken de spegels yn lis ik
om harren hinne
de noasje fan plôken hier
in swym sjampoo
en it drokke tsjotterjen

deselde ekster op it platdak
leit krekt nei acht jier anty
kreaket it izeren bêd fan marktplaats

mei útsjoch op útstalde etalaazje
poppen fan minne en sjouke
de oanwaaikat

fan gleone hannen en fuotten
oars net nedich as in smoarch
lekken bewuolle yn ’e ivichheid
fan de lange sneintemoarn

Foto Pieter Postma. Mei tank oan Minne Hoekstra, Natuermuseum Fryslân

Lês fierder
Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Lúksemboarch

logo.ensafh

Der binne ûnderweis safolle paden te nimmen dat men by alle krusingen wol kieze kin ek al wol men ien rjochting op en dat is nei it noarden om wer nei hûs. Giet men troch België, giet men yn op in útnûging om nei Ieper ta of dochs mar net om’t it te fier is en men te min tiid hat. Mei de fyts is men wat fandatoangeande beheinder.

Mar wat in frijheid hat men just wer dat it betiden dreech kiezen is. Dochs moat men in knoop trochhakje. Ik haw noch nea yn Lúksemboarch west, dat ik gean dêr graach trochhinne foar’t ik yn België en dêrnei Nederlân bedarje.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Barcelona (13-02-17)

logo.ensafh

Ek al bin ik earder weromkommen fan myn earste reis, de langst nei it aventoer en de wille fan it fytsen wie dêrom noch net dwêsten. Fandêr dat ik ferline wike nei Spanje flein bin mei fyts en al en de tiisdeis derop ôfsetten bin rjochting hûs. Nei in lytse wike bin ik dan yn Barcelona bedarre. Al bin ik gjin fan fan grutte stêden as ik op de fyts bin, woe ik ek net samar oan Barcelona foarby fytse. Koart om it hoekje sjen. De sfear efkes opsnuve en dan gau op nei it Frânske plattelân.

 … Lês fierder