Cornelis van der Wal

Dichters fan Fryslân en it Vaderland

logo.ensafh

Sûnt 2017 hat ús provinsje in Dichter fan Fryslân en dêrneist hat ek in Fries twa jier lang Dichter des Vaderlands west. Ik jou yn dit stik efkes in koarte yndruk fan de kwaliteit fan de laureaten.

Lit ús úteinsette mei Eeltsje Hettinga, dy’t DFF wie fan 2017 oant 2019. Hettinga liet him kenne as ien dy’t graach ûnderstreekje wol dat er oan de goede kant stiet, polityk en maatskiplik sjoen. It is in saneamde Gutmensch, en dat wol wolris steure yn syn poëzij as DFF, lykas gedichten oer it klimaat, krekt as soe it CO2-gehalte dêrtroch sakje.

Lykwols, syn gedicht Malta – De opblaasde dei, oer de fermoarde sjoernaliste Daphne Caruana Galizia, wie in boppeslach en luts ynternasjonale oandacht.… Lês fierder

Duo von Däniken

Swarte Triennen: filmmuzyk fan Berend Folkertsma

logo.ensafh

It is noch net algemien bekend, mar komponist Berend Folkertsma hat ek elektroanyske myzyk makke. Jo kinne diskear harkje nei Swarte Triennen, bedoeld foar de film dy’t by it lyknammige boek fan Willem Verfstra makke wurde soe, mar fan it projekt is (oant no ta) neat op ‘e hispel kaam.

Berend Folkertsma

Willem Verfstra

Klik hjir foar de muzyk… Lês fierder

Duo von Däniken, Anne Feddema, Cornelis van der Wal

It Aai

logo.ensafh

In tige oangripende foardracht fan it fers It Aai fan Froukje Lidewij, lid fan de dichtersgroep Sinnesang út Menaam. Froukje Lidewij wurdt begelaat op gitaar troch de bruorren Jan en Marten Heegstra, ek út Menaam. Klaas Bokma út Ingelum spilet op de tuba.

It aai

It is in fûgel
dy’t fleane kin
en it is in aai

mei wjukken
koe ik mar fleane
as in aai

nei dy ta
sa fier fuort

Froukje Lidewij

Klik op it portet foar it fers en de muzyk

 … Lês fierder

Frysk Konsert Foar Blazers En Perkusje

logo.ensafh

Wy ferfolgje ús rige oer de hast fergetten komponist Berend Folkertsma (1945-2009) Diskear in fragmint fan de komposysje Frysk Konsert Foar Blazers En Perkusje út 2007.

It wurk duorret 2 oeren en 47 minuten, mar ensafh hat spitigernôch net de rjochten krigen om de folsleine komposysje hjir te publisearjen.

It stik wurdt wer útfierd troch leden fan de brassband Ave Maria út Greonterp.

Klik op it portret fan Folkertsma foar de muzyk.

Berend Folkertsma, selsportret.

Lês fierder
Cornelis van der Wal

Provinsjalistysk gejeuzel

logo.ensafh

Okkerdeis sloech it literêr provinsjalisme wer ris ta, yn de foarm fan Koos Tiemersma.  It boerke Tiemersma skreau mar mâle dingen oer de Fryske Haadstêd. De man hat slim it mier oan Ljouwert, sa docht bliken. ‘Ljouwert, in plak ûntstien op trije modderbulten, lizzend oan in tichtslibbe see, mei as kroan op it haadstêdgefoel in út it lead hingjende toerelul.’ ‘Soms tink ik wolris dat de Liwwadders alles wêze wolle behalve Ljouwert.’ Nee, in soad nivo hat sok skriuwen net, jo hawwe gelyk. Soe dat ek sa mei Koos syn romans wêze? Ik haw der noch nea ien lêzen, it lokket my om ien as oare reden net oan.… Lês fierder