Henk Nijp

Yn ’e útferkeap

logo.ensafh

‘Inspiratie’ stiet der mei grutte kapitalen boppe in wandfitrine en even fierderop ‘Beleef’ mei in útropteken. Op ’e planken yn ’e útstalkast leit it meast opsichtige en lûdrazende krystguod dat der mar te betinken is. It útropteken stiet der folslein om ’e nocht, want it moais hat lawaai genôch. Ik wie dus yn sa’n winkel mei fan dat guod, wy ha der allegearre wolris west, je ûntkomme der soms net oan… Ik hie dêr kar út op syn minst 25 ferskate soarten kryst-led-snoerkes. Foar yn ’e krystbeam (bûten én binnen), oan de daksgoate, yn de bukshage, op ’e foardoar, yn de hortinsjes, yn de bjirken, om ’e flaggemêst en fierder oeral dêr ’t it mar yn- of oanheakje wol. … Lês fierder

Uolf Candrian, André Looijenga

Schigitg ch’il pumer flurescha – Besprek ‘Salang’t de beam bloeit’

logo.ensafh

Uolf Candrian (oersetting: André Looijenga)

Schigitg ch’il pumer flurescha

Salang’t de beam bloeit fertelt yn it koart de skiednis fan de Fryske literatuer, en is ferskynd yn fjouwer ferskillende talen: Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk en Frysk. It boek is krekt as it dialektferskaat fan de provinsje bûnt fan foarm; de kleuren wize it paad yn it boek, want de sidenûmers ferdwine suver yn ’e middentear. Dizze koarte Fryske literatuerskiednis yn hânsum formaat is ek gaadlik foar lêzers dy’t oant no ta nea yn de provinsje Fryslân west ha en hjir har fakânsje trochbringe.
It boek begjint mei de âldst bewarre skreaune teksten en Fryske runen, mar de fokus leit dúdlik op de 19e en 20e iuw.… Lês fierder

Anne Feddema

It meireizgjend paradys?

logo.ensafh

Da, wo du nicht bist, ist das Glück. It plak dêr’t je op dat stuit net tahâlde, dêr no krekt soe it grutte gelok te finen wêze moatte. Yn it Van Goghmuseum yn Amsterdam is op it stuit in eksposysje te sjen fan it wurk, dat Paul Gauguin (1848-1903) en syn skildersmaat Charles Laval (1862-1894) op it eilân Martinique, ien fan ’e Frânske Antillen yn ’e Karaïbyske see, makken yn it jier 1887. Lit ik it mar fuort sizze: dat soart útstallings binne myn paradyskes, de skatkeamers dy’t my lûke om op in reis(ke) te gean. De grutte reizen haw ik faaks wol in bytsje efter my lizzen.… Lês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 5, 2018

logo.ensafh

Skriuwe foar toaniel
Dit nûmer set útein mei in artikel fan Oene Spoelstra oer it plak en de mooglikheden fan de skriuwer yn it toaniel. De ferbining tusken de toanielwrâld en de skriuwers hat gjin struktureel karakter. Hoe soe dat oars kinne?
Spoelstra hat syn syn stik skreaun nei oanlieding fan de gearkomsten dy’t it Skriuwersboun belein hat om de Fryske skriuwerij en it toanielskriuwen tichter by-inoar te bringen.
Yn syn artikel sketst er it sa ôfgryslik feroare en feroarjende toaniellânskip fan hjoed-de-dei en dêrnei giet er yn op mooglikheden dy’t der foar skriuwers lizze om dochs binnen de wrâld fan it toaniel in nijsgjirrich plak te beskreppen.… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

Oan de sinnegod / Dem Sonnengott

logo.ensafh

 

Oan de sinnegod

Wêr bisto? dronken jokket de siele my
Fan alles fan dyn wielde, want nyskes wie ’t,
Dat ik it seach, hoe’t, wurch fan syn
Reis, de oanbidlike goadejonge

De jonge lokken baaide yn ’t wolkegoud;
En no noch eagje ik as fansels nei him;
Mar fier is er nei fromme folken,
Dy’t him noch earje, hinnereizge.

Dy leavje ik, ierde! ommers, do treurst mei my!
En ús fertriet dan omslacht, as bernesmert,
Yn slommersliep, en sa’t de winen
roetse en reauntsje yn ’t snarespul,

Oant him de masterfinger in moaier toan
Untlokt, sa boartsje dize en dream om ús
oant de beminde wer ferskynt en
Libben en geast har yn ús ûntstekke.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

salang’t

logo.ensafh

 

salang’t

har brune fytske by my binnen stiet
kin ik de hiele wrâld oan, hoe kin
dat no, no ja, ik wit it wol mar fertel

it, oan nimmen net; lit se mar yn de
stront dy apekoppen en bearelullen
wylst leit se hjir en sliept de wrâld

en ik sjoch nei har as wie se ien en
al wûnder; se is faaks in muze mar
ik wol justjes mear, geduld is grut

ha gjin haast, mar bin in sneinsbern
lykas in skouwe kat komt se dochs
werom en alle kearen wat tichterby

nea en nea krigest my, mar ik ha har
gjinien oars dy’t dêr patint op hat, ik
wol, fiel my like sterk as bijehunich … Lês fierder