Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4, 2018, Relynûmer

logo.ensafh

Redaksjoneel

Hjir leit wer it jierlikse Ensafh-nûmer mei de priiswinnende ferhalen en gedichten fan de Rely Jorritsma-priisfraach foar jo. Der is al wat feroare. Yn it foarste plak dit: dat de gemeente Littenserdiel net mear bestiet en it bestjoer fan de stichting oergongen is nei de gemeente Ljouwert. It hoe en wat wurdt yn it foarwurd by dit nûmer, ‘Rely Jorritsmafûns ûnder nij bewâld’.

 

Ynhâld

Redaksjoneel

Rely Jorritsmafûns ûnder nij bewâld

John Bosma
Au

Paul van Dijk
Kintsugi foar in diggelbast

Edwin de Groot
Sa as di wynd fan dae vlkenum wayde,

Sipke de Schiffart
In bysûndere moeting

Margreet de Jong
It weagjen fan de see

Lomme Schokker
It weagjen fan de see

Koos Tiemersma
De ereksje fan in oar

Oer de skriuwers

Sjueryferslach Rely Jorritsma-priis 2018

 

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Marcel Plaatsman

In ferskûle ferskaat

logo.ensafh

Yn myn deistich libben soe ik tekstskriuwer wêze, wat eins mar in nuver wurdsje is en ek in nuver berop, want it komt der op del dat ik in grut part fan ’e dei op Twitter sit, yn plak fan hurd te wurkjen. Dêr (op Twitter dus) lies ik fan ’e wike dat in Belch, Kris Kuppens, yn De Morgen skreau dat er nei de siken hapte nei’t er Antwerpske lûden hearde op ’e telefyzje. Dat skreau er yn in kollum foar dy krante. Dat it wie him sa wichtich, dat happen nei de siken, dat er dêr in kollum oan bestege.… Lês fierder

Klaas Rusticus

Plysjebesite

logo.ensafh

Ien bernepornoplaatsje kin liede ta oanhâlding.
Ik lit no yn my omgean en hingje myn hiele assortimint oan gleonensoanfiterjende byldliteratuer efter de ruten oan de eastside fan myn wente, sadat net allinnich de learlingen fan ’e R.K.-basisskoalle St. Aloysius, mar ek it ûnderwizend personiel en letter de fertsjintwurdigers fan de Meisizzenskipsried, de Underwiisynspeksje, it Komitee Lûdoerlêst Skiphol en it Produktskip Fee,
Fleis en Aaien der ûnbedimme kundskip fan nimme kinne. Benammen fan it wurk fan Klimt, Schiele, Sturges, Balthus en von Gloeden, de soan fan ’e Dútske Kaiser.

As dan nei gâns in skoft de hearen Herman Dad oan ’e doar ferskine, sil ik sizze: ‘Kom jongelju, opdonderje.Lês fierder

Mads Mygind, Geart Tigchelaar

Mads Mygind

logo.ensafh

https://www.youtube.com/watch?v=2TeUK0oqOoc

 

Dichter: Mads Mygind
Kamera, bewurking en ûndertiteling: Geart Tigchelaar

De twadde út in rige koarte filmkes dêr’t Deenske dichters yn oan it wurd komme oer wat it foar harren betsjut om dichter te wêzen.

*

it is moarns
dat ik besykje om wekker te wurden
wêrom skynt de sinne
wêrom skadet de moanne
ik sammelje myn tosken yn ’e mûle, de boaten yn de haven
skyt op in hendikept húske om my befoarrjochte te fielen
fyn twa asperines yn myn kontbûse
in pineholle dy’t ferdwynt
it is moandei
in ferskuorrend soad
op de rûnwei
slacht in sike-auto de sirene oan
de tillefyzje jout keunstmjittich azem
oant op ’e dei fan hjoed
dy’t harren útstrekke
loai as in hûn
ik sjoch Tour de France
it fjild is in iezing swimmende hjerrings dy’t ik
wider wurden en wer byinoar lûken seach
lykas de tumor yn ús beppe har mage
yn myn famylje gean wy dea oan kanker
dat hawwe wy al generaasjes lang dien
sa is it oan ús om de dagen yn te foljen

Oersetting Geart Tigchelaar

 

det er morgen
jeg forsøger at vågne
hvad skinner solen for
hvad skygger månen for
jeg samler mine tænder i munden, bådene i havnen
skider på et handicaptoilet for at føle mig privilegeret
finder to Panodiler i baglommen
en hovedpine der forsvandt
det er mandag
vildt meget
oppe på ringgaden
slår en ambulance ud i en sirene
fjernsynet giver kunstigt åndedræt
til de her dage
der strækker sig
dovent som en hund
jeg ser Tour de France
feltet er en sildestime jeg så
udvide og trække sig sammen
som svulsten i min mormors mave
i min familie dør vi af kræft
det har vi gjort i generationer
så er det op til os selv at fylde dagene ud

 … Lês fierder

Beart Oosterhaven

‘Friersk’, in fenomenaal goed album!

logo.ensafh

Mei syn tredde solo-cd, Friersk, hat sjonger/multy-ynstrumintalist Chris Kalsbeek fan Ljouwert ien fan ’e moaiste albums út ’e skiednis fan ’e Fryske folkmuzyk ôflevere! It is in plaat dy’t oer alle boegen tsjûget fan kwaliteit: tekstueel, muzikaal én produksjoneel.

Keltyske folkmuzyk
Chris Kalsbeek is in feteraan yn ’e folkmuzyk. Hy is al mear as fjirtich jier warber yn it sjenre. Tige oansprekkend wurk makke er as sjonger/gitarist/mandola- en bûzûkyspiler, harpist en banjospiler mei de groep Fling, dêr’t yn 1997 it ikoanyske album The Wild Swans At Coole fan ferskynde, en mei in oare Fryske folkfeteraan, Ernst Langhout fan Gau. Kalsbeek stie lêstneamde ûnder mear by op dy syn twadde solo-cd The Eye Of The Cyclone (1992) en, as lid fan ’e begeliedingsgroep The Hones, op Langhout syn earste Frysktalich album Nea foar altyd (1995).… Lês fierder

Jacobus Q Smink

de laatste eer

logo.ensafh

 

de karajonge fytst op ’e krykkrak, wiet grien ferve
in dûbelstange, fan de sate fan heit en mem
kofferke achterop foar wiken skjinne klean
nei de kop-hals-romp fan jan en jehanne

sy smookt sjekjes, dat is apart (foar in mem)
heit jan is in neef fan ús heit, hy is okee en âlder
kiestra syn froulju lêst er en jantsje (13) fielt har beurske
neffens him en hy wasket him sa goed, ik rûk de klok

letter rint er by syn simca wei
en falt samar op it gers
meand mei syn harre seine
earder op ’e dei

mar katten kin er oan ’e line hingje
as der in boarre tefolle is of se binne minnich
en it is gesellich as jehanne krúm praat
en paft as kúnre, wylst er syn kiestra lêst

sykje harren stien yn sondel, ik rûk de drum
twaris nocht te beroerd om nei de begraffenis te gean… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Fotoferslach útrikking Rely Jorritsmaprizen 2018

logo.ensafh

Sneon 06-10-2018. Lokaasje: Doarpshûs, Weidum.

De sjuery: Douwe Kootstra, Tryntsje van der Steege, Karen Bies.

Piter Wilkens soarge foar de muzikale yntermezzo’s.

Doeke Sijens hâlde, út namme fan de FLMD, in ynliedend praatsje.

Sjueryfoarsitter Tryntsje van der Steege lêst it sjueryrapport foar.

Edwin de Groot krige in Rely foar syn fers ‘Sa as di wynd fan dae vlkenum waait’.

Paul van DIjk syn fers ‘Kintsugi foar in diggelbast’ waard ek mei in Rely Jorritsmapriis bekroand.

Blommen foar de dichters.

Koos Tiemersma foel yn ‘e prizen mei syn ferhaal ‘De ereksje fan in oar’.

Lomme Schokker lêst foar út syn priiswinnende ferhaal ‘It weagjen fan de see’.

Lês fierder