Lomme Schokker

Frysk skriuwe en de wow-faktor

logo.ensafh

Alles is psychology, sa lang it teminsten noch net ta in algoritme ferwurden is. Myn skriuwen fan de lêste pear jier hat bepaalde effekten op my. Foar’t dy wer weiwurde moat ik se hjoed mar fan my ôfskriuwe. Dan ha ik it fêstsetten, is it út de wei en hearre jimme my der net mear oer.

Skriuwe is ûntdekke. Ik kom wurden tsjin dy’t ik skjin fergetten wie, wurden fan ús heit en fan ús mem. Watguod? Ik hear it heit noch sizzen. Fertutearze, allikefolle, arrejakkes, dêroanta, wrottersspultsje. Se komme werom yn myn fokabulêre. Nij binne in protte siswizen, dy’t ik net koe, mar dy’t wol sa moai binne.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (14)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

De diagnoaze

Myn ferûntskuldigings, bêste lêzers fan dit blogke. Ik moat it ferhaal wer efkes ûnderbrekke (krekt no’t it spannend wurdt) mei it nijs dat ik by de bedriuwsdokter west haw, dy’t my nei de spesjalist, psychiater Hidde Watsma ferwiisde, mei as útkomst dat ik foarearst arbeidsûngeskikt ferklearre bin. De medikus woe my eins daliks opnimme litte, mar nei beswieren fan myn kant – ik haffele der al wat nuver yn om – waard besletten dat it earst mei nije medikaasje besocht wurde soe.… Lês fierder

Lomme Schokker

Ferdinand de Jong: De tredde perioade

logo.ensafh

De Jong hat der aardich de gong yn mei it opbouwen fan in oeuvre. De tredde perioade is it seisde boek yn in tiidbestek fan acht jier en dat wol wat sizze. Twa jier lyn seach er nei Kanada foar De Nova Scotia staazje, al earder skreau er oer it Himalayaberchte en dizze kear teach er foar ynspiraasje nei de kjeld en koperminen fan Sibearië.

Luitenant Rodion Zakirov skopt in strieminne drilynstrukteur mei in dwerslesy de rolstoel yn en moat dan as boarger besykje in nij bestean yn Moskou op te bouwen. Dat slagget fan gjin kant, de mingels wodka bringe him ek net folle fierder en sa fynt buorfrou Lara op in dei Rodion by him thús mei de foardoar iepen, stomdronken yn syn eigen dridze.… Lês fierder

Janneke Spoelstra

A tourist with a local bag

logo.ensafh

Ik rin de dyk del. Foar de frou
dy’t yn in tún oan ’t wurk is,
bin ik a tourist with a local bag.

Mar ik bin hjir net foar de see,
ik bin hjir net foar de stêd, ik
bin hjir foar in grêf. Mei help

fan Google streetview fûn ik
it begraafplak, mei help fan
in pear locals fyn ik it grêf.

Mei it fleske wetter en it
broadsje út ’e local bag set ik
my by dy op in muorke del.

Life is like spring water,’ seit
it fleske. ‘It runs in an infinite
number of shapes.’… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Kultureel Frysk

logo.ensafh

No minsken, dit wurdt myn lêste stikje oer de Kulturele Haadstêd 2018. Op himsels fûn ik de drokte dy’t de toeristen meibrochten tige gesellich, hear. En se fregen my ek geregeld de wei, dan kinne jo josels efkes in wichtich persoan fine, no. Resinsjes fan Kulturele manifestaasjes kin ik jim net leverje, want ik haw neat meimakke, ik hie der gjin nocht oan. Of… wachtsje efkes, it wie my hast ûntkommen: Bach syn Mattheüs Passion yn it Frysk yn maart, dêr wie ik al by. Lei it oan de akoestyk of hawwe de foar in grut part net-Frysktalige sjongers net lang genôch oefene om de útspraak fan ús taal yn ’e macht te krijen?… Lês fierder