H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (VI)

logo.ensafh

VI. It Leger fan de Deaden

Doe’t Dr. Herbert West in jier lyn ferdwûn, frege de plysje fan Boston my it himd fan it liif. Se tochten dat ik wat foar har efterhold, en faaks hiene se ek wol fermoedens fan slimmere saken; mar ik koe harren de wierheid net fertelle om’t se dy net leauwe soene. Yndie, se wisten dat West ferbûn wie mei aktiviteiten bûten de kennis fan de gewoane mins; want syn yslike eksperiminten mei de reanimaasje fan deade lichems wiene in hiel skoft te wiidweidich om folslein temûk te hâlden; mar de alderlêste, sielferskuorrende katastrofe hie eleminten fan demoanyske fantasije dy’t sels my twifelje lit oan de werklikheid fan wat ik seach.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei de Ierske dichteresse Aifric Mac Aodha

logo.ensafh

Aifric Mac Aodha is berne yn Dublin yn 1979. Hja studearre Aldiersk en modern Iersk oan de universiteit fan Dublin. Har earste bondel, Gabháil Syrinx, kaam út yn 2010. Hja hat lesjûn yn Sint Petersburch, New York en Kanada en kolleezjes Aldiersk en modern Iersk jûn oan de universiteit fan Dublin. Hja wennet yn Dublin dêr’t se no wurket foar An Gúm, in útjouwer yn de Ierske taal. Hja is redakteur yn de Ierske taal fan it tydskrift The Stinging Fly. Aifric hat ferline jier the Oireachtas Prize for Poetry wûn. Foreign News is Aifric’s nijste bondel, dy’t ferline jier útjûn is troch The Gallery Press.Lês fierder

Ap Kivinen, Geart Tigchelaar, Elmar Kuiper

De nacht fan de katten / Kissojen yö

logo.ensafh

1.
de stêd is play off –arena
nei middernacht
power play, hoefolle mear ekstra tiid

learzens mei hakken klopje
froulju spylje
harren ritueel
derefter harren susters
minsklik skyld op it marktplein

ik moat it by my hawwe
myn mojo
sa gau’t ik it yn ’e hannen ha
fiel ik my feilich

koplamp fan de nachthimel, beljochtet
it haadstrjittesyndroom, cul-de-sac
hagediskening bewiist dat
de einleaze finale sprint ûndraachlik is

hoe bot wurd ik rekke
troch de sjirurgen, gitaarspilers, timmermanshannen
moat in nije sensaasje hawwe

2.
nim myn legere skoallementaliteit mei
nei de nachtklup
nimmen harket
wachtsje op harren beurt
efter de doar mjukst immen
de tongen
flugger
in binde yn ’e rige, wurd nerveus
fluch
kappe no, jim gekken
swierrichheden by it oanlûken
it koarjen en stinnen op it húske
krekt as by gymapparaten
dêr’t de oar it ritueel útfiert
mear freedsum
yn it skaad rôlet immen
it krûd
tusken bibeltinne pagina’s
ôffier is ferstoppe, floed oer de flier
gjin etikette, gjin voucher
lit ús passyf wêze as de bliksem
hjir is de foai
fan de skjinmakker fan dizze binde
lit ús nei myn plak gean
om stúdzje te meitsjen fan de metamorfoaze
en de foarm fan de amoebe

3.… Lês fierder

H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (V)

logo.ensafh

V. De Ferskrikking fan de Oarloch

Party minsken ha oer ferskuorrende saken ferteld dy’t bard binne op de slachfjilden fan de Earste Wrâldkriich en net neamd wurde yn publikaasjes. Fan guon dêrfan rekke ik fan it sintrum, oaren makken my deaberoerd, wylst noch oaren my rydboskje lieten en derfoar soargen dat ik yn it tsjuster efterom seach; hawar, nettsjinsteande de slimste ferhalen, tink ik dat iksels de meast yslike saak fan allegear fertelle kin – de skokkende, de ûnnatuerlike, de net te leauwen ferskrikking dy’t út it tsjuster weikaam.
Yn 1915 wie ik in dokter mei de rang fan earste luitenant yn in Kanadeesk rezjimint yn Flaanderlân, ien fan in grut tal Amerikanen dy’t har earder as de oerheid sels mongen yn de ûnbidige striid.… Lês fierder

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 3, 2018

logo.ensafh

Redaksjoneel

Dit nûmer set útein mei twa bydragen fan Joël Huitema, dêr’t Ensafh al faker wurk fan opnommen hat. Huitema besiket om yn syn literêr wurk it Súdwesthoeks Frysk dêr’t er mei grut wurden is syn gerak te jaan. Literatuer is ek it plak foar sokke nijsgjirrige ynfalshoeken en ekperiminten. Dat dat in hiel gedoch is komt nei foaren yn it gedicht ‘o-umlaut’. Lês hjir fierder (pdf)Lês fierder