Andries Miedema

Untdekkingen / Skûlhoekjes

logo.ensafh

Niis hearde ik op it nijs, dat de keunstner Armando ferstoarn is. Tafallich lies ik wat wiken lyn fan him it boek “Armando, de haperende schepping”. Yn dit boek fan 140 siden stean sa’n tachtich stikjes proaza. Troch syn aparte styl in aardichheid om te lêzen. Ik koe it net litte en set 24 fan dy stikjes op rym. Hjir binne dêr twa fan.

Andries Miedema

 

Untdekkingen

Foar’t er ûntdutsen wie wied er der al,
de ierde, tûmeljend wat om yn de romte
en net rjochtút mar yn ’e kromte
hy krige in himel, kaam doe yn ’t hielal.

Op ierde groeiden planten en bisten,
ek hite stiennen en wolkebanen.… Lês fierder

H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (IV)

logo.ensafh

IV. De Skreau fan de Deaden

De skreau fan in deade man soarge foar myn heftige en groeiende eangst foar Dr. Herbert West, dy’t my yn de lettere jierren fan ús freonskip efternei siet. Fan natuere sil soks as de gjalp fan in deade man jin ôfgrizen jaan, want it is fansels net in noflik of faak foarkommend barren; mar ik hie soartgelikense ûnderfinings faker meimakke, dat ik hie der op dit stuit allinne lijen fan troch in beskate omstannichheid. En, sa’t ik ymplisearre ha, waard ik net bang fan de deade man sels.
Herbert West, dêr’t ik de kompaan en assistint fan wie, beskikte oer wittenskiplike ynteresses dy’t folle fierder gongen as de gewoanlike rûtines fan in doarpsdokter.… Lês fierder

Simmerskema ensafh.nl 2018

logo.ensafh

Bêste lêzer,

yn July en Augustus sille der net om de trije dagen, mar ien kear yn ‘e wike, op woansdei, nije bydragen pleatst wurde. Ynsidinteel kinne der ek oare (aktuele) bydragen publisearre wurde. It earstfolgjende reguliere artikel ferskynt op 04-07-18.

De nijsfoarsjenning (Nijs en blogs) giet gewoan troch.

Redaksje ensafhLês fierder

Henk Nijp

Jûn op nivo

logo.ensafh

Ithaka en Flow, dat wiene de earste wurden dy’t ik tsjinkaam doe’t ik út ’e auto stapte op ’e Westersingel. Grif gjin tafal, tocht ik, it kin wolris in moaie jûn wurde. It wiene de nammen fan in pear boaten dy’t dêr foar de wâl leine om te oernachtsjen.
In pear hûndert meter fierderop en sa’n fyftich treden heger sieten de measte taskôgers al klear. It wie op de earste ferdjipping fan ’e Aldehou, dêr’t de sechsde of miskien wol sânde Sint Vitus-poëzijjûn, eins in pear dagen te betiid, plakhawwe soe. Presintator Melvin van Eldik wie de tel njonkenlytsen wat kwytrekke.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Willem Verf

logo.ensafh

Willem Verf: “It soe foar de Fryske literatuer hiel goed wêze as der yn it bûtenlân goede oersettings fan Fryske boeken yn ’e merk setten wurde.”

Willem Verf (1949) is hikke en tein yn Snits. Nei it Bogerman Lyceum yn syn wenplak folge er de Sosjaal Pedagogyske Oplieding Middeloo yn Amersfoart. Nei syn ôfstudearjen gie er werom nei Fryslân en sette er him mei syn frou nei wenjen yn Damwâld. Hy krige in baan as foarmingslieder yn Beetstersweach en nei funksjes yn it jongereinwurk, de folwoeksenedukaasje en de arbeidsbemiddeling waard er yn 1996 direkteur fan Stichting Hulp en Welzijn Leeuwarden (HWL).Lês fierder

H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (III)

logo.ensafh

III. Seis Skotten Om Midsnacht

It is frij ûngewoan om alle seis kûgels fan in revolver tagelyk ôf te fjurjen as ien skot wierskynlik genôch wêze soe, mar in soad saken yn it libben fan Herbert West wiene ûngewoan. It komt, bygelyks, net faak foar dat in jonge, krekt ôfstudearre dokter de grûnen dêr’t er de lokaasje fan syn praktyk en hûs op selektearret, ferbergje moat, mar dat wie it gefal by Herbert West. Doe’t hy en ik ús bul krigen fan de medyske fakulteit fan de Miskatonic Universiteit, en besochten om ús earmoede te ferlichtsjen troch in dokterspraktyk op te setten, diene wy ús bêst om net te fertellen dat we it hûs keazen hiene fanwege de frij isolearre lizzing en om’t it tichteby it begraafplak foar de earmelju stie.… Lês fierder