Lomme Schokker

De boogywoogy fan in lesjouwer

logo.ensafh

Jan J. Bylsma, learaar Nederlânsk fan profesje en skriuwer fan rym en ûnrym yn eigen tiid, seach op moandeitemiddei 27 septimber fan it jier 1971 om kertier foar trijen, de sânentweintich switterige learlingen fan klasse H4b foar syn lêste les fan de dei net botte entûsjast mei folút beskreaune pukkels oer it skouder syn lokaal ynskeuveljen. Hy frege him ôf wat er mei dy kliemske kliber fan midsmjittigens, dat ûngeregeld soadsje fan skruten MULO-trochstreamers en sjeesd HBS-potinsjeel, yn ’e goedichheid oan moast.

It leafst joech er, as er yn sa’n stiifkoppige moandeitemiddeistimming wie as hjoed, nei in wykein boogywoogyen yn Amsterdam of nei in nachtlang petearjen oant yn it ûneinige op ien of oar ferwaaid, spjuntich, klaaiker buorskip mei Gerard, Douwe, Trinus of Ype, in ûnferwachte skriftlike oerhearring om dûm fan alle kuldigens fan it gedonder ôf te wêzen en om syn stjerrende kater tiid te jaan te deformearjen, mar sokssawat hied er ferline wike ek al dien en sa maklik mocht er nei eigen konsjinsje fansels net alle wiken it jild fertsjinje.… Lês fierder

H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (I en II)

logo.ensafh

I. Ut de tsjusternis wei

Oer Herbert West, dy’t myn freon wie op ’e universiteit en dêrnei, kin ik allinne mei ekstreme freze fertelle. Dizze eangst komt net allinne troch de sinistere wize dêr’t er koartlyn op ferdwûn is, mar waard opwekke troch de hiele aard fan syn libbenswurk. It krige syn heftige foarm mear as santjin jier lyn, doe’t wy yn it tredde jier sieten fan ús stúdzje medisinen oan de Miskatonic Universiteit yn Arkham. Yn de tiid dat er by my wie, fassinearren de wûnderaardichheden en duvelskeunsten fan syn eksperiminten my sûnder ein, en wie ik syn neiste kompanjon.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

MaT it no?

logo.ensafh

 

Ik wol bêst dyn kutsje slikje
Hieltyd flugger slikje
It is my wat
Trochslokke
Dýn swiete sop
Oant ik krôkje moat

Daniil Charms, sitearre yn Anne Feddema – MaT (út: Op myn stjerbêd wol ik tate ha)

fan anne feddema
hie ik okkerdeis leard
dat net kofje of appelgebak
joffersfocht is
nee dat is slachrjemme

sa’n swietbek bin ik net
allinnich hâld ik fan flødeskum
suertsjes of mjitske gebakjes
moat ik neat fan hawwe

dêrom seach ’k der net nei út
der ûnderút koe ik net mear
der ûnderyn krekt wol

wat wie it
de geilens
dyn sêftens
ús waarmte
neat fan dat alles

dat ik slikke en slokte
en net sêd wurde koe
wie om’t it my smakke
nei dêr’t ik sljocht op bin

in fiskje op saterdeimiddei
mei de auto nei lauwerseach… Lês fierder

Greet Andringa

De lytse seemearminne revisited

logo.ensafh

Ik blêde niis eefkes troch Libben Reach. It is alwer tsien jier lyn dat ik guon minsken knap de betizing ynjage ha mei dat boek. En mysels blykber ek, want ek al is it myn eigen famyljeskiednis yn kryptogramstyl, elk haadstik begjinnend mei in mearkesfragmint, it ferhaal dat it measte seit oer myn eigen libben wie der net by.

It wie De lytse seemearminne dy’t myn skriuwerij al as hiel lyts famke oanwakkere hat. Ik fûn it sá begrutlik dat dat leave mearmintsje én har sturt én har stimme ynlevere hie en dat se noch altyd net krige dêr’t se sa’n ferskuorrend ferlet fan hie: de waarme en beskermjende earms fan de prins dy’t se it libben rêden hie.… Lês fierder

Willem Winters

Pyreneeën: Céret

logo.ensafh

In jier as fyftjin tebek kamen wy foar it earst yn de Pyreneeën. Anneke hie in Punto hierd op deselde dei dat se har rydbewiis helle en wy soene daliks mar nei Spanje. Dan moatst oer de Pyreneeën. Wylst wy gjin sprút ûnderfining mei de Pyreneeën hiene. Ja, dy mollebult yn It Wâld by It Hearrenfean neamden wy it Wâldsterberchje. In like hege berch lei yn Aldskoat, dat wie it Skoatterberchje, dêr’t myn pake en beppe tsjinoer wennen. Tocht ik oan bergen, dan wiene dat myn referinsjes.

Wy stiene oan de foet fan de Pyreneeën, heech man!
Wy bestudearren de kaarten en krigen al gau yn ’e gaten dat der – ek yn Spanje – wegen fan ferskillende kwaliteit wiene.… Lês fierder

Pier Boorsma

Literatuer en Beweging

logo.ensafh

As ik oer de relaasje tusken literatuer en Beweging skriuwe wol, moat ik mij earst klearrichheid ferskaffe oer de posysje fan de skriuwer-yntellektueel yn ’e maatskippij.
Sa waard bijgelyks oan ’e ein fan de 19e iuw de Frânske legerkapitein Alfred Dreyfus sûnder grûn beskuldige fan spionaazje foar Dútslân. De Frânske skriuwer Emile Zola naam it foar him op en beskuldige de Frânske generale stêf fan it produsearjen fan falske dokuminten. Zola spruts út namme fan ’e minskheid en berôp him op de Rede en universele wearden as Rjochtfeardichheid en Solidariteit. Hij stie as skriuwer fier boppe de boargerij. It soe net yn him opkomme om krekt as Gerard Reve te ferkundigjen, dat er in winkel hie en dat der ferkocht wurde moast.… Lês fierder