Anne Feddema

Depresje

logo.ensafh

Depresje, as njonkenaktiviteit of depresje as boarne foar myn keunst?

In fleurich begjin fan in kollum fan in kwasi-filosofyske Freud fan Fryslân, sille jimme no wol tinke. En it is fansels ek gjin ûnderwerp dat bedoeld is om net mear by te kommen fan it laitsjen. In skoftke lyn is in hiel goede freon fan my ferstoarn. Ien dêr’t ik de lêste jierren in hiel goed en djip kontakt hie. Wy dolden om yn ’e geast, oer keunst en fan alles en noch wat. Nei in hiel skoft siik wêzen en mei gjin ferbettering yn sicht foar de takomst fûn er it genôch en hat er besletten, om sa’t er sels sei, de stekker der út te lûken.… Lês fierder

Nadie Hania

Fannacht

logo.ensafh

 

Justernacht

dreamde ik of wie ik wekker
ik wist it net

ik fielde dyn hannen op myn boarsten
en hie it gefoel dat dyn lippen my subtyl oantipten

fan genot begûn myn lichem te triljen
ik fielde my sa lokkich en befrijd
sa as ik it noch noait earder field hie
do wiest sa sêft en tearhertich
op dat momint joech ik my hielendal oan dy
waard weak yn dyn hannen en kaam ta myn geriif

mar doe’t ik fan ’e moarn wekker waard
wist ik, it hie in dream west
ik hie wol in prachtige nacht hân mei dy
fol mei fleislike begearten… Lês fierder

Klaas Rusticus

No ha wy de hichte

logo.ensafh

Noch mar in pear wike ferlyn lies ik yn in krante-artikel wurden dy’t ik earst oersloech, letter weromsocht en der doe sa lang op stoarre dat se ûnskerp waarden en dizich. De wurden setten har fêst oan ’e binnenkant fan ’e tinkholle en bleaune dêr hingjen.

Ut Nederlân wei sjoen draait de ierde mei in faasje fan in bytsje mear as 1000 kilometer yn ’e oere om harsels hinne. Tagelyk draait dyselde ierde mei in faasje fan 107.200 kilometer yn ’e oere om ’e sinne hinne, dat is sa’n tritich kilometer de sekonde. En ek tagelyk draaie de sinne en har omjouwing (dêr’t wy ek ta hearre) om it sintrum fan ús molkenpaadstelsel hinne.… Lês fierder

Henk Nijp

Skilder Bolognêze

logo.ensafh

It wie bar kâld foar de tiid fan it jier doe’t wy yn ’e wyn op rjochting Belvédère rûnen. Dat waard doe’t wy ien kear yn it museum wiene gelokkich wol oars. En dat kaam net allinnich troch it grut tal besikers dat der omstrúnde. Yn de grutte seal dêr’t de skilderijen fan Giorgio Morandi hingje, want dêr wiene wy, wurdst fuort al waarm fan de kleuren dy’t de keunstner brûkt. Hy wie Italiaan fan hús út en, soest hast sizze: dat kinst oan syn palet fernimme, as dat net sa’n klisjee wie. De ierdetinten oker, read, sienna, it blau fan bergen yn ’e fierte en salmrôze, kleuren dy’t Italië as thúsbasis ha, sis mar, wurde yn hast alle skilderijen brûkt.… Lês fierder

Geart Tigchelaar, Pieter Postma

snooze noch mar efkes myn leafste

logo.ensafh

 

it lekken ferwosken
de gatten hâlde waarmte
fêst mei ús lichems
leppeltsje leppeltsje

de kat set it wetter op
en miauket ús
dreamen de nacht yn

mei ratteljend buissysteem
smoare wy de frijerij
yn in ierstoarn kessen

stiet de kat yn moarnsjas
oft wy der soms net ôf moatte
mar de sinne en wyn hawwe
dochs gjin trochkommen
efter de stoffige latsjeblinen

no fiif minuten noch
mar dan is it fuottenein mynt
oars fine myn neilen jim eagen
as stjerren ûnder it ledikant
rizet de moarnslust
en wettersieder útknipt

Foto: Pieter Postma

Lês fierder