It spûket hjoed perfoarst net op it Spûkeleantsje achter Eastermar. It is prachtich froastich waar, de sinne glinsteret yn de iiskristallen op it gers en it fallen blêd en hjir en dêr hinget noch in helderreade bottel oan in wylde roazestrúk. De ûndergrûn fan it smelle paadsje is noflik hurd ûnder de berchskuon dy’t dit jier by ús kuier fan de westkust fan Súd-Skotlân nei de eastkust gâns oare boaiems meimakke hawwe.
Yn dizze koarte dagen om de wintersinnekear hinne doarmje de tinzen frijwat rjochting wat west hat en wat noch komme sil. En grif dit jier wêryn’t Koroana noch mar it earste spûk bliek.… Lês fierder