Ik wit net hokker god my stjoerde,
om te fallen yn de stream
en te fallen yn it fjoer.
Dizzen ha faald.
Ik beweegje ta de poarten yn
fergjend hokker oarloch it is;
hokker oarloch is it?
de bewenners yn ‘e poarten
antwurdzje ús; wy sill’ dy oarloch komme litte
hja dy’t wy folgen te kommen
soannen fan ús memmen en heiten
dragend op ús hollen neat
útsein de tonger dy’t baltet
dy’t wit wannear’t der tsjoed komme sil.
Iepenje de poarten!
It is Akpabli Horsu dy’t my stjoerde
Iepenje jim de poarten, myn memme’ bern
en lit my deryn
ús tonger-ynwijden ha amok rûn
en wy sliepe yn it woastynlân
beweegje ús fuotten net
wy sill’ sliepe yn de woastyn
gewearen yn ús hannen kinn’ wy net sjitte
nyften yn ús hannen kinn’ wy net smite
de dea fan in man is net fier fuort.… Lês fierder