
… Lês fierderPetrus Baardt: Fryske BoerepraktikaIII. Fan de moanne
Dat wie it wat de sinne joech.
Nim ek de moanne by dyn ploech,
en, hûsman, hâld dit meast foar best,
wannear’t de moanne lit yn it west
syn earste nije hoarnen sjen,
klearspitsich troch de wolken tsjen,
en dat omtrint de fjirde dei,
dan komt moaiwaar der meastal nei
en sok in waar as dan begjint
stiet fêst sa lang’t de moanne rint;
mar lit er leadich, swart of grau
of poarper, pears en bûnt of blau
syn earste nije spitsen gean,
dan sille rein en wetter flean’
en al de swarte blauwe loft
is neat as wetter op dyn skoft.