Bert Bakker

Come-back op de Mont Ventoux(3): Oer de bergen nei de see

logo.ensafh

(Dit gedicht is de lêste tekst út in rige fan trije; de earste twa teksten wiene ferhalen.Foar it earste ferhaal yn de rige klik hjir, foar it twadde klik hjir; of sjoch ûnder ‘auteurs’ by Bert Bakker)

(1)
Oeral beweegde de see en
altyd kaam rein op’ e side
hieltyd mei straffe wyn

grau, fladderjend, grillich
fûgels skrokken op
ferlitten troch hjerst
en lange winters

Dêr libbe er:
yn mealde polders
efter dik ôfbeakene diken
op ikkers oanharke
en spoaren djip
yn lân ferovere op wetter
fol nijbouwiken
fan gelok en ienriedige húshâldingen

Hy woe fuort
wyld ferwaaie
hy woe fuort, as
wie er al ôfreizge
fier hinne

Fier fan fitraazje
fan gesellichheid en
sintrale ferwaarming
moarnsnijs op’ e radio
kofje, jirpels, bier
en de stamppot
fan erchtinkendheid en jenever

dêr gie er dan:
mei in protte fersnelling
op tsjillen fluch
fuort en
sûnder ôfskie
nei in libben
wat libbe wurde moat
yn de lúkse fan passend lijen
en
gelokkich, seach er dêr by
ôf fan al tefolle wurden

(2)
Oer in fleurich lint fan
dykjes
licht en luchtich
blau
boppe heuvels fan freugde
nei toppen
en spontaan
by einleaze fiergesichten lâns
súdoan

Swalkjend foarby
it gloaiend giel
fan hellingen mei
fjilden pears
koalsied en fierderop
lavindel
sa súdlik
o, sa sinneblommich

fierder fuort as it each sjen koe
en rook rikke koe
en leafst heech
boppe de trillingen
fan oliifbeammen bewegend
grien
boppe de flanken
fan hieltyd hegere bergen
en ôfhandige marren

fertocht heech en lichtsinnich
fier en wiid fertakke
en och, wat kin it skele
nachten near fan wyn

(3)
En dochs..… Lês fierder

Bert Bakker

Come-back op de Mont Ventoux (2): In man wurdt âlder

logo.ensafh

(Foar it earste ferhaal yn de rige ‘Come-back op de Mont Ventoux’ klik hjir of sjoch ûnder auteurs by Bert Bakker)

As ik hjir om my hinne sjoch: Wat wurdt net âlder? De beammen net, de bergen net, de bisten? Juster wienen de bledsjes noch stevich en read, no binne se fergiele en slop.
Der klonk sjitten yn’ e fierte. Jonge hûnen kamen oanfleanen oer de ikkers. Der hinke in hart foarby. Net de hjitte, mar de wyn en de kjeld giselen no de bergen.
Se sjogge der út as by inoar waaid stof en erodearre grús. Ald is ferkleure, krykkrakkich, oansketten, foargoed foarby.… Lês fierder

Bert Bakker

Come-back op de Mont Ventoux

logo.ensafh

Bedoin, Súd-Frankryk, 24 july1990 – Ast no by de iene lâns of by de oare lâns de Mont Ventoux beklimst, dat makket net safolle út. De tocht is swier en fol lijen. Do klimst yn ûngefear 20 kilometer fan 300 nei 2000 meter. It is ek foar in betûfte hurdfytser ûnmooglik om in tempo te bepalen. As ik in berch beklim, dan bepaal ik hoe lang ik der oer dwaan wol. Ik wit wêr’t ik oan begjin en ik hâld net fan tafallichheden. In beklimming beskôgje ik – yn neifolging fan Jan Kal – net as in ynspanning, mar as de eksakte útwurking fan in idee.… Lês fierder

Bert Bakker

Ien mei de dingen

logo.ensafh

Wicher de Wilde wenne op sângrûn. Dat wie mar goed ek. Stevige boaiem. Syn húske bestie út ien skoarstien dêr’t peallen tsjinoan setten wiene as in wigwam. Der wiene wylgetakken omhinne flochten en doe wie it ôfdutsen mei plaggen. It hie ien yngong, ien finster op it westen, ien kachel, ien tafel, ien stoel, ien bêd en altyd ien flesse âlde jenever foar de greep. Wicher wie der gelokkich mei en mear hie er net nedich. Hy wie ien mei de dingen.
Ik koe de Wilde fan de poelier. Ast dêr efterom giest, koest dyn wyld kwyt. Wicher kaam mei hazzen en fasanten.… Lês fierder

Bert Bakker

De oerfal

logo.ensafh

Pineholle, pine achter op myn holle. Ik kin my net bewege. Ik priuw bloed. Ik lis foaroer op ’e stiennen flier fan de jachthut. It fielt as ha ’k in barst yn’e skedel. Myn noas is brutsen. Ik sjoch Tammie út myn eachhoeke, Oane syn hûn. Se leit der rêstich, mar opmerksum by. Ferbyldzje ik my dat se súntsjes jammert? Se wol my slikje. Ik kin my net bewege. Myn hannen sitte fêst op ’e rêch. Wy binne oerfallen.

Ynienen swaaide de doar iepen en waarden wy ûnder skot nommen en sûnder in protte wurden oan ’e kant set. Oane knikte nei Tammie en sy gie lizzen.… Lês fierder