Fiif oere moarns. Ik wie allinne. Alles gie sa hurd, sa swier en sa treurich. Safolle minsken hawwe hjir oer de flier west. Se ha wat sein, mar net in protte. Ik fûn it begrutlik. Se ha my meinommen, twa dagen letter ha se har fûn.
Ik hie krekt poept. Prachtich poept! En dat wie al even lyn. In peristaltysk orgasme. In wûnder, ja, in berte. En dêr wie it mei begûn. It wie de berte fan it idee om myn freondinne te fermoardzjen en alle ideeën dy’t berne wurde, hawwe rjocht op libben.
‘Moatst dy rommel net brûke,’ sei se, ‘dan hast ek gjin wûnder nedich.’… Lês fierder