Mei it sjueryrapport fan de Rely fan dit jier toant Greet Andringa trije dingen oan, te witten, dat se net krekt wit wat in sjueryrapport is; dat se der dubieuze literêre kritearia op nei hâldt en dat se bliid is dat se einlik ris har sechje dwaan mei foar in publyk. In loovjend ferhaal hâlde oer wêrom de winners in priis hawwe moatte is der net mear by.
De toan fan it rapport is behoarlik yrritant. Sa freget se it publyk – dus al dy freonen en famylje fan Edwin de Groot en Froukje Postma – ‘Wêr hat de sjuery dit jier op ôfkard?… Lês fierder