Mark Boog, Geart Tigchelaar

De deistige taken… / De dagelijkse taken…

logo.ensafh

De deistige taken…

De deistige taken: it oprjochtsjen fan it stânbyld
dat ik wurden bin, it bedekken fan it liif, drinken
fan kofje, it ûntmanteljen fan ’e plannen fan juster,

it ensafuorthinne. It nochris útstellen fan ûnleauwe.

Ik jou my oer oan dyn feralterearre oanwêzigens, dyn
eagen. Dat se my sjogge is noch it frjemdste, dat se

libben binne en fol fan tiid. De moarn bloeit ûnwittend
yn dyn spegel. Ik wit net krekt wêryn’tsto leaust.

Folget it hânwurk fan elke dei, it mei almar grutter
fakmanskip ferfeardigjen fan redenen en fan ferlechjes,

folget de jûn, dan de dea, dy’t wy ûntwike yn ús
snústerige bêd, dy’t wy ferrifelje troch hiel stil te lizzen.… Lês fierder