Jehannes Boorsma

Gearkomste

logo.ensafh

De rustfrij-stielen pisbak mei de kaanferballen en it ivich bemiigde opstapke hawwe it mei it fernijen fan it ferienigingsgebou ferlieze moaten.

Allinnich de beide húskedoarren ha it oerlibbe.

Op ’e doar foar de manlju stiet ‘lid’ en op dy foar de froulju ‘gjin lid’.

Soks is helder en jout gjin fertiizjen.

Hinkie stiet no tusken de sketsjes yn it nije urinoir. In keunstmich is as rjochtingoanwizer yn ’e pot plakt.

Dan skoot Arend neist him.

Hy klaut fûleindich yn syn ûnderguod om en docht dan de dingen wêr ’t er foar kommen wie. Nei in baas skeet begjint it wat te mingeljen en hy besiket fergees de keunstmich te reitsjen.… Lês fierder

Jehannes Boorsma

Stimgedrach

logo.ensafh

‘Hjir is’t drokker as wêr’t ik sa krekt wie,’ hearde ik in stim achter my, wylst ik yn in grôtfolle slachterswinkel op myn nûmer stie te wachtsjen. Ik seach om en dêr stie in mantsje fan sa’n santich/tachtich jier, kreas yn ‘t pak en hy wachte nijsgjirrich myn antwurd ôf.

‘Soa,’ sei ik, mar dat wie him fansels net nei’t sin en hy besocht it noch ris.

‘Wat nûmer ha jo, ik ha fjouwerensechstich.’

Ik hie ienenfyftich en se wienen noch mar by njoggenentritich, dat tiid foar praten genôch.

De man ferfolge: ‘De frou hat my hjir hinne stjoerd, nije slachter no, alles is suver fergees.… Lês fierder

Jehannes Boorsma

Generaasjespalt

logo.ensafh

Myn omkesizzer soe it wykein útfanhûs komme. Dêr hienen wy suver nocht oan, want wy hienen him yn wol seis jier net mear sjoen. Froeger gienen wy wol gauris te fiskjen, it wie in echt natuerminske. As er it rêde koe wie hy nachts te poeren en de houdowen wienen ek net feilich foar him. Hy wie doe noch mar sa’n fjirtjin jier.

In dei as wat lyn krigen wy in kaartsje. Hy frege oft it wol skikte foar it wykein en oft syn partner wol meikomme mocht. Dat, hy sil wol hokje, as ‘samenwonen’, as noch slimmer, ‘voordeurdeler’ wêze. Sa’t ik al sei, wy fûnen it goed.… Lês fierder