Sjieuwe Borger

In memoriam Dirk van der Veen

logo.ensafh

Dikky

Woansdeitejûn 14 jannewaris 2015 stie myn frou yn de doar doe’t ik thúskaam. Min nijs, sei se, de mûle ferlutsen. Idske Postuma -De Boer hearde ik doe’t ik de hoarn oernaam. Se fernijde my dat de polysje Dirk van der Veen dea fûn hie. Hy lei langút op de grûn fan syn wenkeamer. Yn it sikehûs die bliken dat er smoard wie yn de reek fan in skroeiende bank dêr’t er in sigaret op falle litten hie. De ruten potticht wie alle soerstof yn in sucht opbaarnd en de lucht fol koalmonokside. Net bekend is oft Durk in slok op hie.… Lês fierder

Sjieuwe Borger

Fragmint út nije roman ‘Simmer oan ’e Pikmar’

logo.ensafh

De oare deis rûn er mei de fyts oan de hân nei de oerhaal en pinige him de holle wa’t Thérêse wol net wêze mocht. Thérêse fan der Geast hie belle en om him frege. Syn heit hie lykwols it tillefoannmer net opskreaun. Sybren koe nimmen dy’t Thérêse hiet.
Mei de krêft fan heechsimmer opponearre de sinne him mids de wolkens dy’t fluch út inoar dreaune. De dampen fan it simmerbuike stiigden op fan de strjitte, dy’t ynienen fol jongerein wie, as hiene se har ferskûl holden om tefoarskyn te kommen as it safier wie. Se ferdwûnen yn kafetaria, pizzeria of bistro.… Lês fierder