Geart Tigchelaar, Tsead Bruinja

Nei oanlieding fan de ynauguraasje fan Tsead Bruinja as Dichter des Vaderlands

logo.ensafh

Op 23 jannewaris lêstlyn waard Tsead Bruinja offisjeel ynaugurearre yn it nommele amt fan Dichter des Vaderlands. Hy mei dy funksje twa jier lang ferfolje. Tsien jier lyn wie er ien fan ’e nominearren, mar waard Ramsey Nasr Heitelânsdichter. Ditkear waard er hifke oft er it no wurde woe, sa fertelde er oan in seal fol freonen, famylje, kollega-dichters en oare belangstellenden. Blykber hie de dichter ôfkomstich út Rinsumageast dêr wol earen nei.
Bruinja is in ferneamde namme yn sawol it Frysktalige as it Nederlânsktalige dichtersmiljeu. Hy is net allinnich ferneamd troch de kwaliteit fan syn poëzy, mar ek trochdat er faak en graach op it poadium stiet, syn wurk yn de iepenbiere romte te finen is en dat er de sosjale media noch better wit te brûken as de Amerikaanske presidint.… Lês fierder

Tsead Bruinja

figuranten

logo.ensafh

doe wennen wy yn in úthoeke
oan ’e râne fan in oseaan

koenen it wurd hjerst net
klauden om mei tefolle goaden

ús lân wie like beferzen
as it rauwe fleis dat wy ieten

ús gewoanten en wetten
net minder kâld

no wenje we yn it each
fan de stoarm

oan ’e râne fan in feart
dêr’t in keppel frjemd folk
oerhinne komt

wy ha leard

ast dysels in bytsje fatsoenlik
en moedich

de annalen yn ha wolst

moatst dyn fijân grut meitsje
syn legers ûnearbiedich

en dreech te ferslaan

Skreaun by it ferskinen fan
Een meelijwekkend volk. Vreemden over
Friezen van de oudheid tot de kerstening.
Lês fierder