Klaas Bruinsma

Lucretius oerset

logo.ensafh

Lucretius
De Rerum Natura (III, 1-30)
 
 
Lof oan Epicurus, de Master

Jo, jo wienen as earste by steat út sok in djip tsjuster
sa’n klear ljocht op te tillen, dat strielt oer’t geriif fan it libben.
Jo, o sier fan it Grykse folk, wol ik jimmeroan folgj’en
no yn Jo fuotleasten druke de foarm fan myn foatten as spoaren,
net sa lyk út begear om te kriigjen as wol omt ik langje
Jo út leafde te folgjen. Hoe soe dochs de swel tsjin de swannen
meunsterje; hoe soe de geit doch mei skriljende skonken itselde
dwaan kinne by it draven as de oersterke krêft fan it hynder?… Lês fierder

Klaas Bruinsma

Forel, reager, kat en knyn

logo.ensafh

De komponist Franz Schubert (1798-1828) skreau syn Opus 32 Die Forelle op it oarspronlike fers Die Forelle fan dichter Christian Friedrich Daniël Schubart (1739-1791).

Op ditselde musykstik skreau Klaas Bruinsma syn Eine Parodie auf Schuberts Forelle en in Fryske oersetting mei as titel: Forel, reager, kat en knyn. Hjirûnder earst de Dútske tekst, dan de Fryske oersetting.
 
 

Forelle, Reiher, Katz’ und Bisam
(Eine Parodie auf Schuberts Forelle)

1.

Mein guter Nachbar Pelle
fängt gern’ ein Festmahl Fisch.
Sein Teich enthält Forellen,
so lecker auf dem Tisch.
Der Mann hat sieben lange Angeln;
vier Meter ist das Netz für Fisch,
Denn er hat groβe Fischenaugen,
er fürchtet sich, daβ ein entwischt.… Lês fierder

Klaas Bruinsma

It hart mei de wite foet [3]

logo.ensafh
[Ridderroman út ’e Arthur-syklus, hânskrift earste helte 14e ieu]

 

Doe’t Walewyn heard hie dy klacht,                   543
doe tild’ er hoeden dizze fracht
foar him op ’t seal. En resolút                           545
rieden dy beide ’t wâld doe út.
En Walewyn hie wolris heard,
dat jinsen earne lei in stêd.
Foarby in hege berch it wie,
dêr’t in tûk dokter wenning hie.                          550
Dêr brocht er Lanselot en fersocht
de dokter, dat er dêrom tocht
de lijer moai gau te genêzen.
Dan mocht er hoopje ryk te wêzen.(1)
En dêrby neamde Walewyn                               555
in treflik wurksum medisyn.
Doe skat’ er fan freon Lanselot
en ried er yn sân hasten fuort
nei wêr’t de brulloft wêze soe.… Lês fierder

Klaas Bruinsma

It hart mei de wite foet [2]

logo.ensafh
[Ridderroman út ’e Arthur-syklus, hânskrift earste helte 14e ieu]

 

Hy joech it hynder rap de spoaren.                                       243
Mar ’t hart fernaam ’t en fleach nei foaren
en Lanselot efterfolge ’t rêd,                                                245
al wied er traach en tige mêd.
De hûn rûn ’t hurdst en ear’t syn hear
it wist, hie ’t dier it hart yn ’t near.
En doe’t de hûn it hart ferdoarn hie,
ried Lanselot hurder as gewoan wie,                                    250
stapt’ ou en rûn op ’t hart no ta;
hy woe de wite skonk graach ha.
Dy snie er ôf mei ’t swurd en tel
foel Lanselot op ierde del.… Lês fierder

Klaas Bruinsma

It hart mei de wite foet [1]

logo.ensafh
[Ridderroman út ’e Arthur-syklus, hânskrift earste helte 14e ieu]

*

Yn ’t hof fan kening Arthur wien’
de hearen út elkoarren gien.
Dat haw ik jim hjirfoar ferteld.
No hat ús wier de skiednis meld:
doe kaam in jonkfrou en dêr rûn

5

har nei in lytse wite hûn.
Sa gau’t hja yn it hof oankaam
en kening Arthur dêr fernaam,
doe spriek hja, sa’t har lânsfolk sei:
“Dat God omheech jo seingje mei,

10

omt Hy almachtich is en grut.
Hear kening, harkje nei myn wurd.
Hear ’t útstel ta in weachstik oan:
djip yn in moai grien dal is ’t wâld.… Lês fierder