Meindert Bylsma

Pake

logo.ensafh

Yn ’e kûveuze fan ‘e tiid,
as in gladiator yn ‘e aow,
fjochtet pake tsjin ‘e ynfaazje fan ’e eksoaten.

Mei broeikaskobben op ‘e siele
wiist er syn pakesizzer it paad fan no nei doe:
“Hjir wie de bulterige seize, dêr de skeane five.
Hjir siet pake efter in hikke
en dêr, dêr’t no dy reade paprika leit,
siet doe in ljip te striesmiten.”

Betondike, as by in fiadukt, rinne de paden
fan no nei doe, fan doe nei no,
fan ûntheistering nei fernuvering,
oer elkoar hinne: “In ljip pake,
is dat itselde as in soarte fan batterijhin
en wêrom smyt sa’nien mei strie?”… Lês fierder

Meindert Bylsma

Yn ’t wylde wei (fragmint)

logo.ensafh

A.

‘Eefkes oan it fiskjen?’
Oerbuorman, hy ropt it oer de feart hinne.
‘Jawis wat oars,’ rop ik werom, ‘eefkes sjen oft se ek bite wolle.’

Myn oare ik begjint op slach te stokeljen.
‘Jawis wat oars,’ baut er my lekskoaiend nei, ‘jawis wat oars, der sit in man mei in angel yn ’e hân op in klapstuoltsje by de feart te sjen nei in dobber dy’t yn it wetter driuwt. Ra, ra wat docht dy man? Dochs gjin ûnnoazelsma wol, dy fint oan ’e oare kant fan it wetter. Lit him no gau yn syn eigen sop gearsiede of jou him in snuter: ‘Fiskje?… Lês fierder