Soms binne autobiografyske teksten te heftich om yn alle neakenens bleat te stellen oan publikaasje. Dan moat in skriuwer of dichter op syk nei in grutter ferhaal, nei de romte fan in universeel tema, om bêding te finen foar dat wat oars net te fernearen is. Foar de lêzer net, mar benammen net foar de dichter sels.
Sa hat Eppie Dam in oanrin fan 49 memmegedichten nedich om te kommen ta de lêste 7 gedichten fan it fyfde skift, dat de skrinende titel ‘As kearde him in haven tsjin de boat’ meikrige. Dat is in opfallende omkearing: as in haven gjin feiligens biedt, gjin matriarchale omearming mear is tsjin it ûnberekkenbere wetter, dan moat der wat goed mis wêze.… Lês fierder