Och Kobussy,
ús lytse Gasterlanner
Debussy fan it wurd,
sa gie it hurd
en wiest der al net mear,
mei dyn Quingo ôfslein
nei leanen fan de Hear.
Dyn Q
klonk altyd better
en leuker benammen
as wat de hoanne moarns
al kukeljend bestammere
doe’t Petrus Jezus miskend hie
en de Minske nei de geast
ûntmanne.
Der wurdt ferteld
datsto hjir wiest
mei dyn scootmobyl yn Sleat
en op ’e sydkant rekke bist.
It trotwaar hjir
hat ferrifeljende bannen.
Ik wist fan neat,
ast dat mar witst.
No Kobussy,
do lytse Saint-Exupéry
fan alle wiere poëzy,
krij dyn wurd op en riis
prinshearlik
troch it loftferkear
nei paradizen fan alear.… Lês fierder