Himke de Jong

De tiid hielet alle wûnen

logo.ensafh

Op it tsjerkhôf fan Tsjerkwert
seach ik in jonge widner,
hy stie te skriemen
oan it grêf fan syn frou.

De winter wie foarby,
it wie prachtich maaitiidswaar,
fûgeltsjes yn hege beammen
songen it heechste liet.

It grêf wie bedobbe
mei blommen en krânsen,
it gers deromhinne wie plattrape
en wiet fan triennen.

Ik rûn op de jongkeardel ta
en spriek de treastende wurden:
‘Kop op, jonge, oer in pear moanne
lakest derom!’… Lês fierder

Himke de Jong

Smycht

logo.ensafh

Sybren Pimpel
hat my op syn begraffenis
raar te pakken hân

yn ’e deadskiste
hie er de bek heal iepen
en seach my troch spleetsjes oan

as woe er sizze –
ienris leisto der ek sa by

godferdomme,
ik krij de kop fan dat lyk
net mear út ’e harsens al is ’t noch sa

sels ûnder it neuken
bliuwt er my oansjen,
de smycht… Lês fierder

Himke de Jong

maityd

logo.ensafh

as in boartlik bokje yn ’e greide
springt de kul
asto him tútsje wolst
mei losse hannen

rêdst it net op,
lakest,
eagen ticht,
hier foar de eagen,
lakest dy slop

dan streakest it hier
fan ’e eagen
en fangst mei beide hannen
de wylde kul

stekst de tonge út
en slikkest de ikel –
deselde kleur,
like wiet en swiet

dan klamst dyn folle lippen
om de fêstsetten kul
en sûgest deroan,
as in toarstich geitsje yn ’e greide
dat drinkt by de mem … Lês fierder