Cornelis van der Wal (1956) sil moarn, 14 oktober, op de alfde edysje fan it ynternasjonale poëzyfestival Transpoesie te Brussel út syn wurk foardrage. Dy edysje is op 23 septimber iepene en wurdt op 21 oktober ôfsletten en alle wiken is der in programma.
It evenemint wurdt oars as ferline jier dit jier wer fysyk hâlden. Van der Wal is foar syn meidwaan bliid dat dat wer mooglik is. Hy hat trije dagen útlutsen foar in trip nei Brussel. ,,En it is ek de stêd fan Verlaine en Rimbaud, no?’’
De missy fan Transpoesie is om poëzij yn safolle mooglik ferskillende talen by it publyk te bringen.… Lês fierder