Roald van Elswijk

Fan Iðunn oant Iduna – Harmen Sytstra en taalherfoarmers yn Skandinaavje

logo.ensafh

Yn Fryslân is Harmen Sytstra benammen bekend om syn Iduna-stavering, in ortografy dy’t basearre wie op de argayske stavering fan Aldfryske rjochtsteksten. ‘Iduna’ is, sa’t wy witte, ek de namme fan it troch Sytstra oprjochte en redigearre literêre tydskrift (1845-1862). Yn dizze namme leit in ferwizing nei Iðunn, de Aldnoarske goadinne fan de dichtkeunst dy’t har kollega-goaden mei har appels boppedat de ivige jeugd joech. Net inkeld de namme, mar ek it idee efter Sytstra syn útstel, in histoaryske stavering foar it Frysk, hat syn oarsprong yn Skandinaavje. It wie ommers de Deenske taalkundige Rasmus Rask (1787-1832), dy’t yn Frisisk Sproglære (Fryske Spraakleare, 1825) úthâlden hie dat it Frysk al sûnt de 14e ieu útstoarn wie, en dat der inkeld brokstikken fan de âlde taal oerbleaun wiene.… Lês fierder