
Lykele, de âldste fan de bruorren Looper, hat in emoasjoneel petear mei de nije stjer yn de Fryske dichterswrâld: Baukje Skriemer.
Lykele, de âldste fan de bruorren Looper, hat in emoasjoneel petear mei de nije stjer yn de Fryske dichterswrâld: Baukje Skriemer.
Nei de dea: Dichtung und Wahrheit … Wat is wier? En wat kloppet bygelyks net fan alle ferhalen dy’t foar it ljocht komme as immen, yn dit gefal in hiel goede freon, ferstoarn is? Je hoege, neffens my, net dea te gean om in boarne fan ferhalen te wêzen foar in oar, sjoch it deistich libben. Miskien, lêzers, hawwe jimme der eat fan meikrigen: Eddy Sikma, De Skilder, de Ljouwerter keunstner, baas tekener fan vedute (stedsgesichten, wenten, tsjerken, ensfh.) en ekspresjonistyske, abstrahearre skilderijen (opset yn fjouwerkante, swarte en primêre kleur kwaststreken fan bygelyks it Waad en ek gauris fan bouputten en havenplakken as Harns), is der net mear.… Lês fierder
Anne Feddema syn gedichten yn de papieren edysje fan ensafh ‘Túnfers’, nû 4-2024, s. 24 en ‘Signo de interrogación’, nû 3-2024 s. 5, binne binne net alhiel korrekt werjûn.
Hjirûnder folget de goede ferzje fan de twa gedichten.
Túnfers
Ik sjoch: ik bin
Dit skriuwen
Mear as
In jier lyn
Al begûn
Op dat stuit
Wie oanset
En ynhâld
As tún sels:
Geranium
Bjirk
Ljocht
Klyster
Skaad
Nei in goed jier
Is dat der
Allegear noch
Mar it wurdt no
In oar fers
Stadich dochs
In oare ik
De timelapse kamera
Fan myn libben
Sjit wolkens,
Ljocht en skaad
Hieltyd flugger
Om my hinne
Signo de interrogación
Hoefolle hearehombres
Yn Spanje, soene der noch
Burdsjes hawwe lykas
Fernando Rey?… Lês fierder
It Duo hat okkerlêsten efter in kast yn in wenning yn de Ljouwerter komponistebuert in kassette fûn fan de raar oan syn ein kommen Freek Douma. Faaks is Douma foar de âldere stedsjers noch in bekend kroechfiguer fan sa’n tritich jier lyn.
Harkje nei syn ‘Ik bin un Liwwadder’.
Klik op it portret foar de muzyk
Yn dy stêd hie ik dus al in hiel skoft net mear west en no nammers ek net werklik. No Feddema: lis dat nuvere begjin fan dyn kollumke mar ris út. Ik bedoel eins te sizzen: as je yn in stêd binne, wêze wolle, dan rinne je en pankoekje je mar sa’n bytsje om. Musea besykje en dit is leuk, dat is aardichbesites. Ik wie foar it lêst yn ’e ljochtstêd yn 1999. Yn Disneylân Parys, organisearre troch ús Paulusma busreizen, mei ús twa fammen. Earlik is earlik: dan sitte je ek wól en nét yn ’e stêd. Ja, yn in hotel yn in bûtenwyk, mar yn dy twa dagen sjogge je allinne mar Mickey en Donald en goed … miskien in rôt ûnder it finster fan ’e itensseal, efkes, wiet noch, út ’e Seine kaam, om ek in haute cuisine petit déjeuner fuort te wurkjen.… Lês fierder
Der leit in hichte
Yn Andalusysk lân
Bekend as De Yndiaan
Fier foar Kolumbus
Lei dy hichte der ek al
Miskien wie dy namme
Doe gewoan De Pake
Of sokssawat
1492 wie faaks
In goed jier foar
Spaanske pakes
It wie in striemin jier
Foar de yndianen.
Foto: Anne Feddema