It park fan it hert fan Zorro
Alle dagen
helje ik touwen út tûken,
jou ik fertrape blommen wetter.
Brutsen wjukken
bring ik werom nei nêsten.
Yn it park fan myn hert
romje ik lege flessen op
en smoarge kondooms.
It is te folle wurk
buorden op te hingjen
om it pisjen
op it grien fan myn hert
te ferbieden.
Ik twivelje soms
oft myn hert al dit grien nedich hat
om hert bliuwe te kinnen.
Soms
tink ik deroan it park fan myn hert
yn in garaazje te feroarjen
en mei it jild
lear ik aaien te lizzen
yn in nêst yn myn hert
en te kraaien
op in muorre yn myn holle.… Lês fierder