(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh site it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir. It is eins in byldsonnet, want it is makke fan lege aaidoppen dy’t pleatst binne yn ’e foarm fan it klassike Petrarcaansk sonnet.
De redaksje noege besikers fan ’e site út om mei it keunstwurk fan Van der Sloot as formele basis in sonnet yn wurden te skriuwen.
Wy krigen fjouwer ynstjoeringen binnen, twa dêrfan, Ruurdtsje de Haan en Heidi ha har hielendal of hast hielendal oan it foarlizzende skema hâlden.
Andries Miedema hat him al ynspirearje litten ta in sonnet, mar folge it skema, ek it rymskema, fan Van der Sloot net, dat die likemin de fjirde ynstjoerder Ferdinand de Jong en dy naam ek frijheid wat it tal wurdlidden yn ’e rigels oanbelanget.… Lês fierder