der is gjin rêst foar ôfwaaide blêden
it losslein doarmkrûd is net te rêden
proai fan ’e wyn dat skieden fan inoar
by tafal tegearre koart byinoar
de stilte fan de nacht heart ús petear
oan de himel ljochtet de moanne klear
wa neamde dat in jongkeardelsôfskied
in triennefloed makket ús klean trochwiet
oersetting/bewurking: Piter Boersma
(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Han Yu libbe fan 768-824.)… Lês fierder